NIJS   03-02-2021


GrienLinks, PvdA en FNP: Fragen oer kabaal troch útwreiding oefengebiet F35

De Steatefraksjes fan GrienLinks, PvdA en FNP binne benaud foar mear lûdsoerlêst boppe in grutter part fan Fryslân troch de útwreiding fan it militêre oefengebiet. Dêroer stelle de partijen fragen oan it Fryske kolleezje. Koartlyn hat it ministearje in ûntwerp publisearre foar in nije yndieling fan it loftrom. Yn it plan wurdt it militêre oefengebiet boppe Fryslân foar de F35 strieljagers nei it súdeasten fan Fryslân en in part fan Grinslân en Drinte ta útwreide.

GrienLinks Steatelid Elsa van der Hoek út namme fan de trije fraksjes: "Wy meitsje ús hjir grutte soargen oer. De F35 blykt foaral by start en lâning folle mear kabaal te meitsjes as de F16. Dêr binne al in soad klachten oer fan omwennenden. En as der mear oefeningen yn it noarden útfierd wurde en it oefengebiet fan de fleanbasis Ljouwert yn de rjochting fan ûnder mear it Hearrenfean en Drachten útwreide wurdt, dan binne wy benaud dat noch mear ynwenners, bisten en natuer lêst krije fan it lawaai. Wat betsjut dat foar ‘s ynwenners, natuer en stiltegebieten? En jeie wy sa gjin toeristen fuort? Wy binne benijd wat foar ôfspraken de provinsje mei Definsje makke hat oer dy negative gefolgen."

 

Dêrom hawwe de partijen oan it kolleezje fan de provinsje Fryslân frege de soargen oer te bringen yn in sjenswize oan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. GrienLinks, FNP en PvdA: "Oant 25 febrewaris kin elkenien dy't dat wol in sjenswize yntsjinje. Wy tinke dat it wichtich is dat ek de provinsje op dy wize de krityk en soargen oer it plan dúdlik nei oanjout."

 

De fleanbasis wurket no mei saneamde lûdskontoeren, grinzen wêrbinnen de lûdsbelêsting bliuwe moat. Definsje hat de omwennenden tasein him dêr oan te hâlden. De fraksjes freegje ek oan it kolleezje om by it ministearje oan te jaan dat dy kontoeren bestean bliuwe moatte. Yn opdracht fan it programma Eén Vandaag hat de lûds-deskundige de hear Muchal him ferdjippe yn de lûdsmjittingen fan it ôfrûne jier. Syn konklúzje is dat de F35 by de start gemiddeld mear as 5 desibel mear leven makket as de F16's. By de lâning makket de F35 gemiddeld hast 12 desibel mear leven. Neffens de lûds-deskundige stiet dat yn de lûdskontoeren lyk oan fyftjin F16's. De eardere testflucht fan Definsje joech oan dat it mar 3 desibel mear wêze soe.

 

De trije fraksjes: "Dat is fansels net sa moai. Hoe sil Definsje dat oplossen? Binne der ek ôfspraken makke oer de bekostiging fan lûdsisolaasje fan wenningen? En hoe stiet it no eins mei de natuerfergunning? Is dy der al, ek foar de útwreiding fan it oefengebiet? Wy wolle graach dat de provinsje dat soarte fan saken meinimt yn de reaksje nei it ministearje ta. Wy soenen graach wolle dat Definsje nei oplossingen en alternative mooglikheden sjocht."

 

Tekst: GrienLinks, oersetting FNP
Foto F35: Ministerie van Defensie



Downloads:
Skriftlike fragen grienlinks, pvda en FNP oer oefengebiet f35
Antwurden op FNP fragen oer kabaal troch útwreiding oefengebiet f35


Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer