NIJS   04-02-2021


#Seedyksesje 2. Fan Scheveningen nei de Westhoek. Yn petear mei Code Oranje.

Lykas koartlyn al oankundige giet de FNP de kommende tiid yn petear mei oare partijen en kandidaten. Net om in foarkar út te sprekken, mar om Fryske saken op de aginda te krijen. Yn petear foar Fryslân! De saneamde Seedyksesjes fine plak midden op ‘e romte. De romte om ús hinne dêr’t Fryslân sa om wurdearre wurdt mar ek de romte dy’t hieltyd mear ûnderdiel wurdt fan in striid. Wentebou, enerzjytransysje; der wurdt op ús romte loerd.

It wie juster (woansdei 3 febrewaris) alwer tiid foar it twadde petear. Dit kear mei it Code Oranje fan boargemaster Bert Blase. Listlûker Richard de Mos kaam by ús op besite. De partij wol syn aginda fiere mei de saneamde ‘ombudspolityk'. Mei de minsken yn stee fan oer de minsken. Se wiene goed op 'e hichte fan de stânpunten fan de FNP, dy't de ferantwurdlikheden ek leafst sa leech mooglik leit. Yn de eigen regio. De partij hat fierder in struktuer mei lokale partijen, dy'tsto in bytsje fergelykje kinst mei de OSF allinnich dan yn mei fertsjintwurdiging yn in oar gremium en mei in skerpere profilearring.

 

It waard in tige ûnderhâldend petear. Ynwreiding foar útwreiding as it oer wentebou giet, mear jild nei gemeenten en regio's; wy fûnen elkoar wol. Dat lêste punt is fansels nei it foarstel foar de nije ferdieling fan it gemeentefûns wakker aktueel. Eintsje beslút hawwe wy it noch oer de Fryske taal en kultuer hân. Jou ús de romte om sels ferantwurdlik te wêzen at it om it Frysk giet, en ek by it ferdielen fan de jildstreamen om kultuer hinne. Wy witte wat ús situaasje is, wy witte wat der nedich is om ús rike kulturele libben oerein te hâlden en te fersterkjen. Dêr kaam in tasizzing op.

 

De folgjende Seedyksesje stiet ek alwer yn de planning. De nûmers 1 en 2 fan de BoerBurgerBeweging, Caroline van der Plas en Femke Wiersma komme del. 



Tags: Partijnijs, Polityk Bestjoer, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer