NIJS   01-02-2021


#Seedyksesje 1. In goed petear mei Habtamu de Hoop.

Lykas koartlyn al oankundige giet de FNP de kommende tiid yn petear mei oare partijen en kandidaten. Net om in foarkar út te sprekken, mar om Fryske saken op de aginda te krijen. Yn petear foar Fryslân! De saneamde Seedyksesjes fine plak midden op ‘e romte. De romte om ús hinne dêr’t Fryslân sa om wurdearre wurdt mar ek de romte dy’t hieltyd mear ûnderdiel wurdt fan in striid. Wentebou, enerzjytransysje; der wurdt op ús romte loerd.

"In goed petear mei Habtamu de Hoop" (#Seedyksesje)

Ofrûne freed hawwe wy de earste Seedyksesje hân, dit kear mei Habtamu de Hoop, kandidaat Twadde Keamerlid foar de PvdA én in echte Fries. It wie in alleraardichst petear. Neffens De Hoop moatte provinsje en gemeente streekrjocht sizzenskip hâlde oer it romtlik fraachstik, mar kin de nasjonale oerheid wol fasilitearje. Mei oare wurden: gjin top-down benadering mar de leie sels yn hannen hâlde en fan ûnderop. Wenjen, krimp en leefberens. Wy fûnen elkoar wol yn it petear.

 

Nei ôfrin fan it petear hawwe wy in plaatsje makke by it monumint ‘De Golf fan Onrust' . Yn 1889 kamen de lânarbeiders op it Bilt yn ferset. Der moast in better lean kommen foar de arbeiders en sy ferienigen har yn de feriening ‘'Broedertrouw''. Mei in staking midden yn de risping twongen sy in better lean ôf. De stakingslieders waarden letter foar it gerjocht brocht en har abbekaat hjitte, jawol, Pieter Jelles Troelstra.

 

En sa kaam der in ein oan it goed petear.

 

De folgjende Seedyksesje stiet ek alwer yn de planning. Listlûker Richard de Mos fan it Code Oranje fan Boargemaster Bert Blase komt nei it Bilt ta.



Tags: Partijnijs, Polityk Bestjoer, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer