NIJS   26-01-2021


FNP en CDA: Stypje de amateurkeunst yn Fryslân

Koartlyn hawwe de provinsje en de gemeenten in brief fan de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF) krigen. Yn it brief wurdt in berop dien op stipe troch de oerheid oan de muzykkoepel. Troch koroana geane tal fan aktiviteiten net troch en reitsje de oansletten ferienings leden kwyt. FNP en CDA wolle fan de Provinsje Fryslân witte wat dy dwaan kin om de amateurkeunst yn ‘e folle breedte yn ‘e mjitte te kommen, al dan net yn gearwurking mei de gemeenten yn Fryslân.

"Tink om ús kulturele smaroalje!" (Sijbe Knol)

Beide partijen hawwe soargen oer it tal leden dat de ferienings op it stuit kwyt reitsje en freegje it kolleezje fan Deputearre Steaten nei mooglikheden om sawol de muzykferienings, it amateurtoaniel as ek de koaren yn Fryslân fia har koepels yn ‘e mjitte te kommen. CDA-wurdfierder Wiersma: ‘De gemeenten binne as earste oan set, mar ek de provinsje fynt yn har kultuerbeleid de amateurkeunst yn Fryslân wichtich. Litte wy sjen dat wy elkoar fuortsterkje kinne.'

 

De partijen wolle fierder witte oft de provinsje mei belanghawwenden in antwurd fine kin op it net trochgean fan ledewin-kampanjes en de muzyk- en kultueredukaasje. FNP wurdfierder Sijbe Knol: ‘It toeterjen op de basisskoalle wie myn earste ûnderfining mei de wrâld fan de korpsen. It is o sa wichtich dat de ferienings har maatkiplike posysje sa gau as mooglik wer útoefenje kinne en dêr kreatyf mei omgean.'

 

De twa partijen wize op it belang fan de amateurkeunst en de posysje dêrfan yn Fryslân. Toanielklups, koaren en muzykferienings binne tige wichtich foar de sosjale struktuer, gearhing en leefberens yn ús Fryske doarpen en wiken. De partijen wolle dan ek fan it kolleezje witte watfoar mooglikheden dy sjocht om in part fan de jilden út it koroanakompensaasje-fûns yn de mande mei de gemeenten yn te setten om dy struktueren te behâlden en te fersterkjen. 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP-cda oer koroanastipe amateurkeunst
Antwurden op FNP fragen oer koroana stipe hafabra, amateurtoaniel en koaren


Tags: Kultuer, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer