NIJS   20-01-2021


Europeeske Kommisje krijt moasje fan treurnis fan Fryske parlemint

De Fryske Steaten hawwe hjoed unanym in moasje fan treurnis oannaam tsjin de Europeeske Kommisje. Dy hat ferline wike wegere om nei oanlieding fan it boargerinisjatyf Minority SafePack mei nij belied en wetjouwing foar taalminderheden en minderheidstalen te kommen. Meidat de moasje fan treurnis troch hiel Europa ferspraat wurdt, wol de FNP berikke dat ek oare lannen en regio’s fan har hearre litte.

Europeeske Kommisje lústert net

De Steaten hienen ein ferline jier de Europeeske Kommisje oproppen om it Minority SafePack Initiative te stypjen, krekt as mear as 1,1 miljoen ynwenners fan Europa en in hiel soad nasjonale en regionale parleminten en regearingen troch hiel Europa hinne. Ek in trijekwart mearderheid fan it Europeesk Parlemint hat de Europeeske Kommisje oproppen om de foarstellen fan it boargerinisjatyf oer te nimmen. Mar de Europeeske Kommisje stelt dat it al genôch docht en dat nij belied net nedich is.

 

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘It is fansels bizar dat de Europeeske Kommisje it boargerinisjatyf sa oan de kant set. It Europeesk Parlemint is foar, it plan krijt stipe fan in miljoen boargers en fan in hiel soad keazen politisy.' Yn Nederlân hawwe sawol de Fryske Steaten as de Twadde Keamer it inisjatyf omearme, yn bygelyks Dútslân binne yn de Dútske Bundestag en fjouwer dielsteaten moasjes oannaam. Sijbe Knol: ‘De reaksje fan de Europeeske Kommisje is arrogant en docht skea oan de demokratyske legitimiteit fan de Europeeske Uny. Dat kinne wy net samar gean litte.'

 

Earste yn in lange rige

De Fryske Steaten binne it earste parlemint dat him útsprekt oer de ôfwizing fan it boargerinisjatyf. Hiel Europa mei witte dat Fryslân him net samar delleit by it beslút fan de Europeeske Kommisje. De moasje fan treurnis sil oan regionale en nasjonale oerheden tastjoerd wurde. Dêrneist ferstjoerd de FNP dit parseberjocht yn meardere talen oan sa'n 150 regionale media yn ferskate Europese regio's.

 

Sijbe Knol: ‘Wy geane hiel Europa troch. De Europeeske Uny is der net allinne foar himsels, mar foaral ek foar syn boargers. Dêrûnder binne 50 miljoen ynwenners fan regio's dêr't in minderheidstaal praat wurdt, ynklusyf 650.000 Friezen. It is in hiel min teken foar de demokrasy dat in inisjatyf as it Minority SafePack de nekke omdraaid wurdt.' 

 

Foto: © European Union, 2021

 

 

 

 



Downloads:
Moasje fan treurnis


Tags: Europa, Frysk en Meartaligens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer