NIJS   14-01-2021


FNP: fyts- en kuierpaden gemaal Ryptsjerk moatte wer iepen

Kin it Wetterskip de fyts- en kuierpaden oer it terrein fan it gemaal Ryptsjerk sa gau mooglik wer iepen stelle? Dat freget de Wetterskipsfraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan it Deistich Bestjoer (DB) fan it Wetterskip. De rûtes binne no op syn minst 7 moanne lang blokkearre fanwege de nijbou fan it gemaal.

"Ofsluting paden is Ryptsjerk mar min nei it sin" (Fyts- en kuierpaden by gemaal 7 moanne ticht)

Frisse noas

Fanwege de feiligens is it net winsklik dat it publyk oer it bouplak rint of fytst.

Ut de lokale mienskip omjouwing Ryptsjerk en Hurdegaryp berikke de FNP fraksje lûden dat de ôfsluting mar min nei it sin is. Doarpsbelang Ryptsjerk en lokale brûkers jouwe oan dat harren fêste kuier- of fytsrûntsje no foar lange tiid ôfsluten wurdt, wylst der in grut ferlet is foar rekreatyf gebrûk. Seker no yn corona-tiid, no't der eins net folle oare mooglikheden binne om ticht by hûs in frisse noas te heljen. De fytsrûte is oars ek wichtich as trochgeande ferbining foar skoalbern en oaren út de Trynwâlden rjochting Hurdegaryp, Burgum.

 

Rijplaten

Ut de situaasje op it plak docht bliken dat in koarte omlizzing fan de (rekreative- en skoal) rûte om it bouterrein hinne mei wat rijplaten, in ekstra stek en in needbrechje hiel goed mooglik wêze soe. Wurdfierder Dijkstra fan de FNP wol fan it DB witte oft der yn it Programma fan Easken foar it wurk rekken hâlden is mei de lokale belangen. Hy ropt it Wetterskip op om - streekrjocht of yn oerlis mei Doarpsbelangen en de gemeente Tytsjerksteradiel - de kuier- en fytsrûte sa gau mooglik wer iepen te stellen.



Downloads:
FNP Wetterskip - skriftlike fragen fyts- en kuierpaden gemaal ryptsjerk
Antwurd op FNP fragen fyts- en kuierpaden gemaal ryptsjerk


Tags: Natuer en lanskip, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer