Yn de Steategearkomste fan 25 maart 2015 is ôfskied naam fan Auke Bijlsma, Anna Martha van der Mei en Annigje Toering. Annigje mocht as langst sittende Steatelid it wurd fiere út namme fan alle leden. Oan de ein krige hja troch Kommissaris fan de Kening John Jorritsma in lintsje opspjelde. Foar har maatskiplike fertsjinsten yn 12 jier PS (en dêrfoar in hiel soad oare partijfunksjes). Tige lokwinske út namme fan de hiele FNP. |
![]() |
It nije Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau stiet de parse te wurd |