NIJS   16-11-2018


FNP: rappe oanpak krusing N357 Hallum

De FNP is fan miening dat der gau definitive dúdlikheid komme moat oer de oanpak fan de krusing tusken de Doniawei en de N357 yn Hallum. Dat stelt de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrneist wol de FNP dat net allinnich doarpsbelang en de ynwenners belutsen wurde by de oanpak, mar ek de ûndernimmers op it bedriuweterrein. Dat fanwegen de foarm, grutte en hichte fan in mooglike rotonde op dat plak.

De FNP-fraksje hat dizze wike by in wurkbesite yn Hallum te hearren krigen dat troch it Kolleezje mûnling tasein wêze soe dat de oanpak fan de krusing Doniawei-N357 yn Hallum yn 2019 taret wurde sil. En dat de útfiering dêrfan dan yn 2020 wêze sil. Omdat de Steaten fan Fryslân dêr noch net fan op de hichte steld binne én omdat der in tal winsken binne oangeande de útfiering fan de kant fan doarpsbelang en ûndernimmers, hat de FNP-steatefraksje in oantal fragen. Yn it foarste plak wol de FNP graach de befêstiging fan wat mûnling tsjin de doarpsbewenners sein is. Dêrneist freget de FNP him ôf oft it mooglik is om it wurk noch nei foaren te heljen, mei it each op de neffens doarpsbelang tige gefaarlike situaasje dêr.

 

De FNP hat begrepen dat der by de útfiering tocht wurdt oan in rotonde. It soe goed wêze om dêrby de winsken fan de transportûndernimmers mei te nimmen. En dan giet it benammen om grutte, foarm en hichte fan de rânen fan de rotondes, wêrtroch't der by besteande rotondes in soad skea ûntstiet oan de frachtweinen én de lading.

Omdat de problematyk fan de rotondes breder spilet as allinnich Hallum (tink ek oan de Middelseewei en oare provinsjale diken), freget de FNP oft it Kolleezje ree is om mei fertsjintwurdigers fan de transportsektor kontakt op te nimmen. Dat om nei te gean oft de foarm en grutte fan takomstige rotondes yn Fryslân sadanich makke wurde kinne, dat skea oan materieel en lading safolle mooglik beheind wurdt.



Downloads:
FNP skriftlike fragen oanpak n357 hallum.pdf
Antwurden FNP skriftlike fragen oanpak n357 hallum


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer