Troch de boaiemdelgong binne maatregels nedich en ien dêrfan is in werferkaveling yn it gebiet tusken Frjentsjer en Harns. It behâld en it fersterkjen fan de oanwêzige kultuerhistoaryske en lânskiplike wearden is, sa seit it kolleezje fan B&W fan de gemeente Waadhoeke, dêrby in wichtich útgongspunt. In nije beliedsregel moat mear helderheid jaan oer hoe't B&W omgiet mei fergunningen foar yngrepen yn it lânskip.
Omdat yn guon situaasjes de belangen fan de boer mei de lânskipswearden yn konflikt komme kinne, hat it kolleezje fan B&W der lykwols foar keazen om njonken de A-gebieten dy't strikt beskerme bliuwe no in nije kategory B-gebieten yn te fieren. Yn dy gebieten is foar in part de hege kwaliteit ferlern gien troch skaalfergrutting yn de lânbou en dêrom sil dêr fan no ôf in minder strikte beskerming tapast wurde.
PvdA en FNP fine dat ûnbegryplik. Ynstee fan dat eleminten behâlden en fersterke wurde, ûndergraaft de fermindere beskerming fan de nije kategory B-gebieten de belangrike lânskipswearden. Dat liket folslein yn striid te wêzen mei it bestimmingsplan en it provinsjaal omjouwingsbelied. De partijen wolle dat de ferkwânseling fan it lânskip tsjingien wurdt en freegje dêrom oan it kolleezje fan Deputearre Steaten om aksje te ûndernimmen.