Slinger
Sijbe Knol fan de FNP en Albert van Dijk fan Forum Fryslân tinke dat de Provinsje mei it stimulearjen fan Fryske oersettingen in goed resept yn hannen hat. It belied mei taalbefoardering kin dêrmei in slinger krije, sa tinke hja: ‘Pipi Langkous yn it Frysk is rôversguod, sa waard sein. De minsken út de wrâld fan de literatuer sizze dat noch folle mear berneboeken in Fryske oersetting fertsjinje.'
Sjuery
De sjuery fan de Obe Postmapriis sjocht ek wol brea yn in ‘Jeugd-Obe'. De wurdfierders freegje wat de Provinsje Fryslân de lêste tiid dien hat spesifyk foar it befoarderjen fan oersettingen. ‘De deputearre hat in skoftsje lyn oanjûn ûndersykje te wollen wat der mooglik is. Wy wolle no fan har hearre wat dat ûndersyk opsmiten hat, en op hokker wize en wannear sa'n ‘Jeugd-Obe' stal krije kin binnen it provinsjaal taalbelied en it prizestelsel.'