As de kachel yn Bitgum út moat hat dat grutte gefolgen foar Vink. Sûnder ferwaarming kin hy syn paprikaplantsjes net yn libben hâlde. Earder waard hy sjoen as in foarrinner dy't derfoar soarge dat snipperhout út de omjouwing duorsum brûkt waard foar it fossylfrij ferwaarmjen fan syn kassen. Mar no't grutte enerzjymaatskippijen lykas Vattenfall koalesintrales ombouwe nei biomassa en hout út de hiele wrâld wei nei Nederlân slepe, is de publike opiny omslein. De miljeu-organisaasje MOB makket gjin ûnderskied en hat dêrom troch it hiele lân hinne hanthaveningsfersiken by biomassa-ynstallaazjes dien.
Dêrby is de omfang fan de twa houtsintrales fan Bitgum en De Sweach hiel beskieden. Ek de útstjit is sa leech dat se fier ûnder de drompel bleaunen en der gjin melding of fergunning nedich wie. Neidat de rjochter maaie ferline jier útmakke hat dat it PAS-systeem foar stikstofbelêsting op de natuer ûnrjochtmjittich is, moatte de houtsintrales dêr no ek in fergunning foar hawwe. It probleem is lykwols dat dêrfoar no in hiele drege en djoere proseduere nedich is om oan te toanen dat de útstjit gjin skea docht oan Natura 2000-gebieten. De oare opsje fan ekstern saldearre is op dit stuit yn Fryslân net mooglik.
De FNP wol fan it Kolleezje witte wêrom it besletten hat om te hanthavenjen, wylst oare oerheden hanthaveningsfersiken krekt ôfwiisd hawwe. Sa fûn bygelyks de Minister it net evenredich om te hanthavenjen by ferskillende boargerfleanfjilden en de fleanbasis fan Ljouwert. Jurisprudinsje fan de Ried fan Steat jout dêr romte ta. Ek wol de partij witte oft oare bedriuwen of partikulieren no ek in fergunning nedich hawwe, as by in aktiviteit stikstof ûntstiet.
As it oan de FNP leit, helpt de provinsje de ynwenners en bedriuwen om oan de regels te foldwaan. Dêrom binne der ek fragen stelt oer hoe't ynwenners holpen wurde kinne by de fergunningferliening. Foar de twa houtsintrales fan Bitgum en De Sweach soe ekstern saldeare in mooglike oplossing foar it probleem wêze kinne. Dy opsje is no noch net mooglik yn de provinsje Fryslân en de FNP wol graach fan it Kolleezje witte wannear't bedriuwen yn ús provinsje der al gebrûk fan meitsje kinne. Wy moatte der foar soargje dat ús ûndernimmers út it stikstofmoeras holpen wurde!