NIJS   03-12-2020


FNP, ChristenUnie en PvdA: Ferfangend busferfier moat better

Reizgers dy’t mei de trein fan Bûtenpost nei Ljouwert geane moasten troch wurk oan it spoar gebrûk meitsje fan bussen dy’t smoarfol sieten. De Steatefraksjes fan de ChristenUnie, FNP en de PvdA hawwe dêr in soad klachten krigen en stelle skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

"Minsken wolle net ynstappe yn in folle bus", seit Steatelid Edou Hamstra fan de Partij van de Arbeid. "It is moai dat der ferfangend ferfier regele is, mar reizgers moatte har wol feilich en komfortabel fiele yn de bus", fynt se. Seker no yn koroanatiid.

 

Steatelid Wopke Veenstra (FNP) fynt dat it goed regele wêze moat. "Nei ús fragen fan ferline wike waarden wy fuortendaliks opbelle troch minsken dy't soargen hawwe oer harsels en oer har bern. Se hawwe al te krijen mei de ekstra reistiid troch de wurksumheden en dan sitte se ek nochris yn in bus dêr't se gjin ôfstân hâlde kinne ta oare reizgers."


De Steatefraksjes wolle fan it kolleezje witte wat de reden is dat der te min bussen ynset binne en wat it kolleezje yn de takomst dwaan sil om dat probleem foar te kommen. Earder stelden de ChristenUnie en de FNP ek al fragen oer tsjokfolle bussen yn de spits. "Op dizze wize wurdt it gebrûk fan it iepenbier ferfier ûntmoedige, en dat wylst it OV ûnmisber is foar in soad minsken", seit Steatelid Matthijs de Vries fan de ChristenUnie. It moat better, sa fine de fraksjes.    



Downloads:
Skriftlike fragen cu, FNP en pvda oer drokte yn ferfangend ferfier
Antwurd op FNP fragen oer drokte yn ferfangend ferfier


Tags: Ferfier yn Fryslan, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer