NIJS   02-12-2020


Kolleezje wol mei de Antillen besykje it Frysk en Papiamintsk yn de Grûnwet te krijen

Ut antwurden op skriftlike fragen docht bliken dat it Kolleezje fan Deputearre Steaten fynt dat it Frysk thúsheart yn de Grûnwet. Dat soe de status fan de taal en de útwurking fan it Frysk yn oare wetten tige fuortsterkje kinne. Om dat foar inoar te krijen, wol Fryslân oplûke mei de regearingen fan de oare lannen fan ús Keninkryk. De FNP is bliid mei de antwurden, mar hat noch al in pear oanfoljende fragen.

"De lobby mei wol wat krêftiger" (Sijbe Knol oer it Frysk yn de Grûnwet)

De partij trunet oan op in stevige pro-aktive lobby, no't it Kolleezje sa dúdlik útsprutsen hat dat it noch hieltyd in fûleinich foarstanner is fan it opnimmen fan it Frysk yn de Grûnwet. Dêrby hoecht it Fryske regear net te wachtsjen oant it opnimmen fan de dominante taal, it Hollânsk, oan de oarder is.

 

Sijbe Knol: ‘Wy fine it in bytsje bysûnder dat guon partijen dy't twa jier lyn sels de proseduere stopsetten hawwe, no yn ferkiezingstiid wer roppe dat hja it Frysk opnimme wolle yn de Grûnwet. Mar wy binne al fan betinken dat wy it izer smeie moatte as it hjit is. En dat is yn de oanrin nei de kommende ferkiezingen en de kabinetsfoarming.'

 

De FNP fynt it ek moai dat it Kolleezje kontakt opnimme wol mei de regearingen fan de oare lannen fan it Keninkryk, mei Kurasao, Aruba en St. Marten, om sawol it Frysk as it Ingelsk en Papiamints yn de Grûnwet te ferankerjen. Dat jout in sterkere lobby nei De Haach ta. Boppedat wurde dêrmei eardere beswieren oplost dy't de Ried fan Steat seach by it foarige foarstel fan 2010 om  it Frysk yn de Grûnwet op te nimmen. 



Downloads:
Antwurden ds op skriftlike fragen oer frysk yn de grûnwet
Oanfoljende skriftlike fragen oer frysk yn de grûnwet


Tags: Frysk en Meartaligens, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer