NIJS   25-11-2020


FNP en ChristenUnie: Tsjokfolle bus yn koroana-tiid net akseptabel

De fraksjes fan FNP en ChristenUnie yn Provinsjale Steaten hawwe konstatearre dat guon Fryske buslijnen yn de spits tsjokfol sitte. De lêste pear wiken krigen wy ferskate klachten fan reizgers dy’t har net noflik fielden mei de situaasje yn de bus. FNP wurdfierder Wopke Veenstra: ‘Wy hawwe doe dy minsken frege om ús foto’s fan de situaasje troch te stjoeren. Fan dy bylden binne wy skrokken.’

 

Yn maaie hawwe ferskate partijen fragen steld oer skoalbern en studinten yn it iepenbier ferfier en oer de wize wêrop't troch sprieding it oantal minsken dat tagelyk yn de bus of trein sitte nei ûnder brocht wurde kin. Yn de antwurden hat it kolleezje doe oanjûn dat de provinsje as konsesjeferliener tafersjoch hâldt op in goede en ferantwurde útfiering fan it iepenbier ferfier. Boppedat is de provinsje belutsen by it meitsjen fan neiere ôfspraken mei de skoallen en de ferfierders. 

 

Fierder die út de antwurden bliken dat by drokte yn de bussen en by feroarjende koroana-omstannichheden de tsjinstregeling binnen twa wike oanpast wurde kin. Matthijs de Vries fan de ChristenUnie: ‘Wy freegje ús dan ek ôf wat der yn tuskentiid bard is? Folle bussen yn de spits binne yn dizze tiid tige ûnwinsklik.' 

 

De partijen ferwize fierder nei de lêste sifers fan it RIVM dy't juster sjen lieten dat it totaal oantal besmettings ûnder jongerein fan 1 nei 6 % fan it totaal gien is. De partijen wolle dat it kolleezje fan Deputearre Steaten fuortendaliks mei Arriva yn oerlis giet en op de drokke lijnen ekstra bussen ynset yn de spits.     



Downloads:
Skriftlike fragen FNP en cu oer tsjokfolle bussen
Antwurden op FNP fragen oer tsjokfolle bussen


Tags: Ferfier yn Fryslan, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer