NIJS   24-11-2020


Opiny: Biedt perspektyf

'Der sil in griene Sicco komme moatte' sa kopte de Ljouwerter Krante op 26 jannewaris 2019. Oan it wurd wie de listlûker fan de FNP, dy’t ferwiisde nei Sicco Mansholt, de minister en Eurokommissaris ferantwurdlik foar de skaalfergrutting yn de lânbou. It fertsjinmodel fan de gongbere lânbou rint ekonomysk én ekologysk op syn ein en de hoepels dêr’t de boeren trochhinne springe moatte (wetjouwing en regeldruk) binne troch de jierren hieltyd heger komme te lizzen. In healjier nei de Steateferkiezingen gie de lont al yn it krûdfet. It sneuveljen fan de PAS en de stikstof-diskusje soargen derfoar dat De Haach folstreamde mei trekkers en dat der drokte wie by de provinsjehuzen. De hoepels kamen wer heger te lizzen.

"Biedt perspektyf" (Wopke Veenstra)

Nij mearjierrich perspektyf

It wurdt tiid om de lânbou wer in mearjierrich perspektyf te jaan. De protesten hawwe sjen litten dat dêr ek ferlet fan is. In betingst dêrby is wol dat as jo fêst sitte yn it systeem fan skaalfergrutting jo net bestraft wurde. Nei de Twadde Wrâldkriich hawwe wy mei-inoar, as polityk, lânbou en konsumint dat systeem kreëarre. Mar ús tinken is no oan it feroarjen. It ministearje fan LNV is op de goede wei. De rop fan De Haach nei in mear natoer-ynklusive wize fan buorkjen is in line dy't de FNP wurdearje kin. Wy sille de foaroprinners helpe moatte. Fryslân sil tegearre mei De Haach oparbeidzje moatte om de administrative regeldruk en kontrôleferplichtings nei ûnderen te krijen. As wy wolle dat it grutste part fan Fryslân yn 2030 natoerynklusyf en op termyn biologysk buorket, dan sille de ferskate oerheden de hoepels nei ûnderen bringe moatte.

 

Oare hâlding fan de konsumint

Wy sjogge de lêste tiid ek in oare hâlding fan de konsumint. De konsumint is kritysker as ea at it oer syn of har iten en drinken giet. De streekboer hat it noch net earder sa drok hân. Ek in inisjatyf sa as de Bildtse smaakroute lit dat sjen: hûnderten auto's lutsen nei it Bilt foar iten en drinken streekrjocht fan it boerehiem. Itselde jildt foar al dy pleatsen mei in diske oan de dyk of in molketaap op it hiem. It wurdt dan ek tiid dat de maatskippij in dúdlike kar makket. As wy echt wolle dat de lânbou oerstapt op in oare wize fan buorkjen sil de konsumint dêr in earlike priis foar betelje moatte. Ek dêr wurdt it tiid om in kar te meitsjen.

 

Boeren dy't tûk en kreas buorkje foarút helpe

Yn Fryslân kinne wy foaroprinne. Litte wy de boeren dy't tûk en kreas buorkje foarút helpe. Minder regeldruk mei mear perspektyf. Wurkje oan it bioferskaat, it stimulearjen fan maatskiplik draachflak en ekonomysk perspektyf biede. Elke feroaring hat foaroprinners en folgers; beide binne prima. Woansdei tsjinje wy dêr in moasje foar yn by de behanneling fan de startnotysje lânbou yn Provinsjale Steaten.

 

Wopke Veenstra
Steatelid FNP Fryslân.



Tags: Bloch, Buorkje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer