NIJS   10-11-2020


Mear wurk meitsje fan sichtberens Frysk

De FNP wol dat de Provinsje Fryslân de Fryske gemeenten, it Wetterskip, supermerken, ynstellings en bedriuwen mear aktyf ynformearret en stimulearret om it Frysk sichtber te meitsjen. Ut in nij rapport ‘Frysk yn de Ekonomy' docht bliken dat der genôch ferlet is. De partij tsjinnet dêr in moasje oer yn by de provinsjale Begrutting foar kommend jier.

"In stimulâns mei wat provinsjale stipe" (Sybren Posthumus oer sichtberens Frysk)

Meiinoar foar it Frysk

De FNP konstatearret dat der besteande subsydzjeregelingen, oersetters en goede praktykfoarbylden genôch binne om it Frysk mear del te setten yn de iepenbiere romte. Dat is ek in doel út it provinsjale bestjoersakkoart. Allinnich dy mooglikheden binne net bekend genôch. Lykas de regeling ‘Meiinoar foar it Frysk'. Dy is bedoeld om gemeenten en oare Fryske bestjoersorganen te helpen. Om harren taalbelied, mei rjochte op lokale bedriuwen, ynstellingen en ynwenners en op de lokale sichtberens fan it Frysk, út te fieren en dêrmei te foldwaan oan de betingsten fan de Wet gebrûk Fryske taal.

 

Tsjok waar

Tagelyk sitte in soad Fryske gemeenten op it stuit yn tsjok finansjeel waar, wêrtroch it faak heakket op in pear tûzen euro foar de útfiering. FNP wurdfierder Posthumus: ‘Der binne genôch ambysjes, sjoch bygelyks de unanime moasje yn Noardeast Fryslân foar Fryske plaknammen en tal fan bedriuwen en ynstellings dy't it Frysk en de streektalen brûke wolle by opskriften en oare uteringen. Tink oan de Albert Heijn yn Damwâld en de supermerk yn Eastermar ‘Alles ûnder ien dak'. Mei wat provinsjale stipe, sawol finansjeel as mei oare help of stimulâns kinne jo yn de regio hiel wat út de wei sette. Wy freegje it Kolleezje de oanbefellings út it rapport ‘Frysk yn de ekonomy' mei te nimmen yn de útfiering. Wy wolle takom' jier ynformearre wurde. It soe moai wêze as it jild dat yn 2020 oerbliuwt fan it Frysk taalbelied, en dat no werom falt yn de reserves, yn 2021 op'e nij ynset wurde kin.' 



Downloads:
FNP moasje sichtberens frysk


Tags: Algemien, Frysk en Meartaligens, Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer