NIJS   15-05-2015


FNP: Wiis mei nij Koälysjeakkoart

Johannes Kramer wer FNP deputearre

Wy hawwe in nij koälysjeakkoart sletten mei CDA, VVD en SP. It hat in goed en iepen proses west. Dat wie nij foar ús. Fjouwer jier tebek mochten wy letterlik oanskowe. No koene wy fan begjin ôf mei de oaren mei tinke en bydrage. Fia de haadtafel dêr't Corlienke en Johannes by sieten. Ek fia de saneamde bytafels koene Sybren, Wopke, Klaas, Rein, Yde, Janke en Saapke bydrage en mei tinke. Dizze wurkwize hat it begryp oer en wer en ek de bining mei de oare partijen fersterke.

  

Wy binne as fraksje tige te sprekken oer it no berikte resultaat. Yn dit koälysjeakkoart stean mear punten fan de FNP en foar it Frysk as earder. In tal wichtige FNP punten wolle wy hjir neame:

  
  1. 20 miljoen per jier foar leefberens yn de Fryske regio's
  2. Deltaplan Frysk, wêr't mear as 15 miljoen yn it behâld en fuortsterkjen fan ús taal stutsen wurdt.
  3. Behâld selsstannige posysje Omrop Fryslân
  4. Spriedingsplan Soarch
  5. Ynset op Natuerynklusive Lânbou fia de Living Lab / Kening fan de Greide
  6. Gjin nije wynmûnen op it fêste lân fan Fryslân.

As deputearre skowe wy Johannes nei foaren. Hy behâldt rûchwei deselde portefúlje dy't tige goed past by ús FNP profyl: natuer & lânbou, plattelânsbelied en iepenbier ferfier.

  

Al mei al kin dit akkoart mear as besjen lije. Wy binne as FNP der mei syn allen yn slagge om, nei in stevige kampanje en in spannende kolleezje foarming, in goed resultaat del te setten. De FNP leveret wer in bydrage oan it deistich bestjoer fan ús Heitelân.

  

Wy sjogge ek mei betrouwen de ferkiezing fan ús FNP kandidaat Hindrik ten Hoeve foar de OSF yn de Earste Keamer temjitte.

  

Foar fragen en opmerkingen kinne jim altyd by ús telâne. Op 29 maaie sil wy ferantwurding ôflizze oan jim, ús leden, yn de ALG.

  

Graach oant sjen!

  

Corlienke de Jong en Johannes Kramer

  

Klik hjir fierder nei it Koalysjeakkoart

  

Klik hjir fierder nei de portfúljeferdieling fan it nije Kolleezje, alle nijs en ferslaggen fan de formaasje



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer