Podium TV
De FNP hat begrepen dat der op dit stuit troch it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN) wurke wurdt oan de opset fan in noardlik ferkiezingsdebat begjin takom jier, foar de Twadde Keamerferkiezings. Wurdfierder Sybren Posthumus: ‘En wy hawwe grútsjen heard dat it útstjoerd wurde sil troch Podium TV. By de beide noardlike ferkiezings-debatten by de keamerferkiezings 3 en 8 jier lyn wie der net in soad omtinken foar regionale ûnderwerpen, útsein de gaswinning yn 2017. Wy hawwe noed oer it regionale gehalte fan sa'n debat, oer it publyksberik en oer de mearwearde.'
Leechdrompelich
Posthumus: ‘Kloppet it dat it relatyf ûnbekende Podium TV keazen is as medium om it debat út te stjoeren? Je soene ferwachtsje dat der keazen wurdt foar de regionale omroppen lykas Omrop Fryslân, mei in folle grutter berik. Wy wolle dat safolle mooglik minsken de lanlike politisy hearre kinne oer harren plannen foar ús regio. It moat sa leechdrompelich mooglik. Dus gjin ûnbekende stjoerder fia in livestream op ynternet. Ik wol witte oft dat noch werom te draaien falt, en oft der ekstra kosten efter wei komme foar de Provinsje Fryslân.
Mearwearde
De wurdfierder freget fierder oft der eins fan beide lêste ‘noardlike' debatten in evaluaasje west hat. ‘Is dêr in dúdlike mearwearde út kommen, dat it debat streekrjocht wat opsmiten hat foar Fryslân, Grinslân en Drinte? De foarige kearen praten in pear lanlike politike kopstikken foar mear as 80% oer lanlike, Haachske, ûnderwerpen en noch net iens foar 20% oer regionale saken. Wy fine dat dit no oarsom moat. Ek kamen hast allinnich mar lju fan de grutste partijen oan it wurd. Wa bepaalt eins hokker partijen meidwaan kinne oan it debat? Wat binne de kritearia? Is der ek romte foar lytse en/of nije partijen?