NIJS 21-10-2020
Thom Feddema beëdige as nij kommisjelid FNP
Thom Feddema is troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar de FNP. As kommisjelid mei Feddema meidwaan oan it debat yn de Steatekommisjes. Ek kin hy út namme fan de fraksje lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk. FNP-er Thom Feddema is 56 jier ald en komt út Raard (Noardeast-Fryslân).
"Thom Feddema beëdige as nij kommisjelid FNP"
Feddema wurket by it
ministearje fan Feiligens en Justysje en is mozaykkoördinator en behearregisseur
foar Agrarysk Kollektyf Waadrâne. Dêrnjonken is Feddema jierren foarsitter west fan
de FNP yn Dongeradiel en fan Doarpsbelang Raard en Boarnwert.
Okkerdeis is Rein van der Wal beneamd as Steatelid. Hjirtroch kaam in fakatuere foar
kommisjelid foar de FNP. Alle fraksjes hawwe de mooglikheid om de earstfolgjende
op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen.
Tags:
Ferkiezings,
Polityk Bestjoer
MEAR OER DIT ÛNDERWERP