NIJS   13-10-2020


Europe direct-fêstiging nei Fryslân ta helje

De FNP wol dat Fryslân wer in Europe Direct fêstiging krijt. Dat is in frij tagonklik ynformaasjepunt dêr't ynwenners, oerheden, bedriuwen en ynstellings kennis oer Europa krije kinne. Sa'n ynformaasjepunt kin neffens de FNP helpe by de ambysjes fan de provinsje om € 130 miljoen subsydzje út Brussel te heljen.

"Europa en regio tichterby inoar bringe " (Sybren Posthumus)

Oprop

De Europeeske Kommisje (EK) is mei in oprop (‘open call'[1]) dwaande om yn Nederlân nije ynformaasjesintra oer Europa te iepenjen. Oant no ta wienen der mar in lyts tal (5) fan sokke sintra ûnder de namme ‘Europe direct'. It hat de FNP bliken dien dat de EK no in bettere sprieding hawwe wol fan sokke ‘Europe Direct-fêstigings oer Nederlân hinne, en it stribjen is leafst yn alle 12 provinsjes.

 

De Europe Direct fêstigings fungearje as ynformaasje- en fraachbaak foar ynwenners, bedriuwen, ûnderwiisynstellings en oare organisaasjes. Steatelid Sybren Posthumus: ‘Mei it each op de ambysjes fan Fryslân mei Europa om € 130 miljoen subsydzje yn te heljen út Brussel foar projekten en inisjativen hjirre, liket it de FNP ta dat der ek yn Fryslân sa'n fêstiging komme moatte soe'. Dat kin boppedat in fersterking wêze fan it ‘Europe ready' netwurk Fryslân dat al warber is. Yn it ferline hat yn it eardere beursgebou ek in Europe direct-fêstiging west, mar op in bepaald stuit is it konsintrearre yn Grins.

 

Jild

Ut streekrjochte kontakten mei de Europeeske kommisje is ús ek dúdlik wurden dat der ek budzjet is foar in grutter tal kwalitatyf goede fêstigings. De 5 rinnende kontrakten rinne ôf en gadingmakkers moatte op - tige - koarte termyn (foar 22 oktober) reagearje. It hawwen en beminskjen fan sa'n sintrum kin Europa en regio tichterby inoar bringe en makket de kâns om subsydzjes binnen te heljen yn de regel net lytser. Ekstra argumint liket ús no de koroana-tiid, dêr't it lestiger wurden is om yn Brussel te kommen. ‘Alle reden foar de provinsje om yn aksje te kommen en dizze fûgel net oer it net fleane te litten', neffens FNP-Steatelid Sybren Posthumus. 



[1] https://ec.europa.eu/netherlands/news/commissie-publiceert-oproep-tot-het-indienen-van-voorstellen-nieuwe-edics_nl



Downloads:
FNP skriftlike fragen europe-direct festiging nei fryslân


Tags: europa, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer