NIJS   17-09-2020


Reaksje FNP op ‘Prinsjesdei'

De FNP is kritysk op de finansjele útstellen dy't troch it regear dien binne by de ‘Miljoenenota'. Yn it foarste plak fynt de FNP it teloarstellend dat der noch hieltyd gjin oplossing is foar de grutte gemeentlike tekoarten. Dêr moat no hurd feroaring yn komme. Twad trunet de FNP opnij oan op folsleine ôfskaffing fan de ferhierdersheffing. De hierferleging dy't foarsteld wurdt is in segaar út eigen doaze. As lêste is it ekstra jild foar kultuer yn de regio in suertsje by de boadskippen. €2 miljoen foar 6 provinsjes is in hiel lyts bedrach.

"Us prioriteit: gemeentlike tekoarten oplosse" (Sybren Posthumus oer de Miljoennennota)

Jild foar gemeenten

De FNP is teloarsteld dat it Ryk de gemeenten noch hieltyd gjin útsjoch jout op in strukturele oplossing foar harren drege finansjele posysje. Foar it jier 2022 wurdt foar ien kear wol in bedrach fan € 300 miljoen foar de jeugdsoarch útlutsen. Mar de problemen by gemeenten moatte noch foar de fêststelling fan de gemeentlike begruttings 2021 út de wei! Want oars sille gemeenten pynlike besunigings dwaan moatte, tink oan bibleteken, sportfoarsjennings en doarps- en wyksintra. Of dat de belestings fiks omheech moatte. It is tiid foar finansjele stabiliteit foar gemeenten. It kabinet sil wat de FNP oangiet yn alle gefallen wurkje moatte oan twa saken: it folslein ôfskaffen fan de saneamde ‘opskalingskoarting' en dêrneist in strukturele kompinsaasje foar de tekoarten. De FNP slút him mei dit stânpunt oan by de VNG (feriening fan Nederlânske gemeenten).

 

Segaar út eigen doaze
In oar punt is de hierferleging dy't it kabinet foar stiet. De 200 miljoen dy't dy ferleging mooglik makket wurdt betelle troch in koarting op de ferhierdersheffing. Elts jier hellet it ryksregear rûchwei 2 miljard op mei dy heffing. No komt dus 10 persint dêrfan werom nei guon hierders. De FNP bliuwt fan betinken dat de folsleine heffing fan tafel moat. Troch alle jierren  mar leafst 4 moanne oan hier fuort te bringen nei De Haach ha wenningkorporaasjes it dreech om de needsaaklike ynfestearrings te dwaan, yn doarpen en stêden by te bouwen en binne hieren ûnnedich heech. Fia ús Earste Keamer partij de OSF sille wy ús senator Gerben Gerbrandy wer freegje om dizze heffing folslein ôf te skaffen, dat dy de minister der op ferget".

 

Ferdieling kultuerjilden

Dizze simmer wie der fan alle kanten grutte krityk op de ferdieling fan it ‘Fonds Podiumkunsten'. 54% fan it jild gong nei de stêd Amsterdam en mear as 80% nei de Rânestêd. It kabinet docht no in taast yn de ponge, der komt € 17 miljoen ekstra beskikber. Lykwols, dêrfan giet op ‘e nij fierwei it grutste part nei de Rânestêd. 6 provinsjes, dêrûnder Fryslân, meie € 2 miljoen ferdiele. Elk goed 3 ton op jierbasis. It fersterket it idee fan de FNP om de ferdieling fan de lanlike kultuerjilden hielendal oer te heveljen nei de ôfsûnderlike provinsjes. Nije wike komt de FNP mei in moasje yn de Steaten fan Fryslân.

 

 



Tags: Algemien, Polityk Bestjoer, Wenje yn Fryslan, Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer