NIJS   14-09-2020


FNP: lanlike kultuerjilden tenei fia de regio ferdiele

Ferdiel de lanlike jilden foar kultuer tenei fia de regio. Dêr pleitet de FNP foar mei in moasje yn de kommende Steategearkomste. De partij wol mei in nij ferdielsysteem in earliker en solidêre ferdieling oer it hiele lân berikke. It measte jild strykt yn Amsterdam del. Guon regio's krije no hielendal neat.

"Jild tenei ferdiele fia de regio sels" (Sijbe Knol yn moasje oer ferdieling kultuerjild)

Argewaasje

Oanlieding is de argewaasje dy't fan't simmer ûntstie nei de advizen fan it Fonds voor de Podiumkunsten oan it regear. Dêryn strykt mear as de helte fan it jild del yn Amsterdam en de Rânestêd. Fryslân, Grinslân en Drinte krije mar inkelde prosinten. It troch it regear taseine kritearium ‘regionale sprieding' komt al desennia neat fan op'e hispel. De FNP wiist der op dat it net de earste kear is mei dizze gong fan saken. De Twadde Keamer hat ek syn ûngenoegen útsprutsen en yn tal fan provinsjes binne fragen steld en debatten west.

 

Solidêr

Wurdfierder Sijbe Knol: ‘It lanlike jild foar de Kulturele Basis Ynfrastructuur (BIS) en it Fûns foar de Poadiumkeunsten wurdt no sintraal ferdield. Om de fjouwer jier giet it hieltyd mis mei dy regionale ferdieling. De ferhâldingen binne no wol hiel skeef. Guon regio's lykas Oerisel en Gelderlân krije no bygelyks hielendal neat foar Poadiumkeunsten. Wy fine dat ûnbesteanber. Mei de moasje wolle wy ús solidêr útsprekke foar de belangen fan alle regio's. Der moat gewoan in nij ferdielsysteem streekrjocht fia de regio komme oars steane wy hjir yn 2024 wer.'



Downloads:
FNP moasje regionale sprieding kultuerjild


Tags: Algemien, Frysk en Meartaligens, Kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer