![]() |
Johannes Kramer wer FNP deputearre
Yn in spesjale gearkomste fan de Fryske Steaten is it nije kolleezje fan CDA, VVD, FNP en SP beëdige. Foar de FNP hat Johannes Kramer de formule ‘Sa wierlik helpe my God almachtich' útsprutsen.
Hy wurdt polityk ferantwurdlik foar de ûnderwerpen Natuur en Lanlik Gebiet (ynklusyf greidefûgels), Plattelânsbelied en krimp, Lân- en Túnbou (ynklusyf Agrofood en Dairy Campus), Monumintesoarch, kultuerhistoarje en argeology, en Iepenbier Ferfier.
Foar it grutste part saken dy't hy ek al yn portefúlje hie. Johannes is fan betinken dat dizze ûnderwerpen goed by him en de FNP pasje. En syn ûnderfining wurdt rûnom sjoen as wichtich foar de kontinuïteit fan it belied. |
Foar it ynhammerjen fan it Kolleezje wie der in debat oer it Koalysjeakkoart. Johannes hat dêryn sein dat der in soad fan de FNP yn sit. In Deltaplan Frysk, de posysje fan de Omrop, it spriedingsplan foar de soarch yn de regio, gjin nije wynmûnen op lân. En mei in pear dúdlike spulregels oer de finânsjes foarôf, dat is ek nij. Wy wolle trochgean mei it ynvestearjen yn ús ekonomy. Mei in iepen each nei de wrâld. Wy geane út fan de eigen krêft fan de minsken en fan Fryslân. Al mei al leit der in lykwichtich akkoart, sa konkludearre Johannes. Wy binne wiis mei wat der no leit en hawwe nocht om ús as fraksje en deputearre wer fjouwer jier yn te setten foar it Heitelân.
Foar mear ynformaasje oer it nije deistich bestjoer fan de Provinsje en de krekte portefúljeferdieling fan de deputearren, klik nei http://www.fryslan.frl/formatie .
![]() |
Corlienke de Jong fraksjefoarsitter
As fraksjefoarsitter hawwe de steateleden fan de FNP Corlienke de Jong keazen. Se hat der in soad sin oan neffens eigen sizzen. As echt "minskemins" en ferbiner nei binnen en bûten de partij hat de fraksje alle betrouwen yn de nije foarsitter.
Corlienke hat yn de fraksje de portefúljes Algemiene Saken / Bestjoer, Sosjaal Belied en Soarch en Taal, Kultuer en Underwiis. |
![]() |
Klaas Fokkinga no Steatelid
Neidat Johannes beëdige wie as deputearre, kaam der fansels wer in plakje frij by de fraksje yn de Steatebankjes. Earste opfolger Klaas Fokkinga waard fuortendaliks ynhammere as it nije Steatelid foar de FNP.
Klaas hat yn de fraksje de portefúljes Romtelike Oardering, Ferkear en Ferfier en Wetter.
|
![]() |
Wopke Veenstra: fragen projekt Drachtsterwei
De dei wie begûn mei de reguliere Steategearkomste. Wopke Veenstra hat dêryn mûnlinge fragen steld oer de oanlis fan de nije Drachtsterwei yn Ljouwert. By dit grutte projekt is in nije tebeksetter mei lekkerij. Troch it hege grûnwetter kin it earste part fan de nije wei pas nei de simmer iepen, sa die bliken út de antwurden fan deputearre Poepjes. It hat gin gefolgen foar de eindatum fan it projekt as gehiel of foar de finânsjes. Wol wurdt der allegeduerigen mei de oannimmer ûnderhannele oer mear- en minderwurk. Der wie al earder fertraging troch de hurde ûndergrûn by it Van Harinxmakanaal.
Wopke hat yn de fraksje de portefúljes Miljeu, Lanlik Gebiet, Natuer en Lânbou en Mynbousaken. |
![]() |
Sybren Posthumus: SNN eigen broek ophâlde
Súkses wie der foar Sybren Posthumus by it wurklistpunt oer it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). It deistich bestjoer fan dizze mienskiplike subsyzje- en lobbyorganisaasje woe dat provinsjes en gemeenten bybetelje soene foar takomstige tekoarten yn de begrutting. Ek frege men in ynflaasjekorreksje fan 3,5%, dêr't 1,5% yn oerheidslân op it stuit de regel is. Mei in amendemint fan de FNP fluitet Fryslân it SNN no werom. De organisaasje yn Grins moat de eigen broek op hâlde en krijt gjin ekstra bydragen fan de Provinsje. It útstel fan Sybren krige de ienriedige stipe fan alle partijen.
Sybren behertiget de portefúljes Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme, Finânsjes en Wurkje foar Fryslân. |