NIJS   10-08-2020


Skôging fan de FNP op de finansjele posysje fan it Wetterskip

Spektakel yn de lêste AB-gearkomste fan it Wetterskip foar de simmerfakânsje. Beheinde stiging fan de lesten foar de boeren stiet sintraal foar de sittende boere-koälysje. Ek as dêrfoar op'e nij nei de eigen organisaasje en beliedsdoelen sjoen wurde moat. Pikefel by alle bestjoerders yn de gearkomste !

"Wat binne sifers noch wurdich yn Coronatiid ?" (Bram Bonnema oer Ramtnota 2021-2025 Wetterskip)

As it oan de fertsjintwurdiger Kuipers fan it CDA leit, dan kinne ambysjes om it Wetterskip in enerzjyneutrale organisaasje te meitsjen ek wol wer wat leger. Dit levere him in fikse oanfarring mei ús eigen FNP-sprekker Bram Bonnema op. Dy wiisde de koälysje der noch mar ris op dat dy enerzjy-ambysjes fêstlein binne troch it hiele AB en yn it koälysje-akkoart steane dêr it CDA ek foar tekene hat. Koälysjemaat ChristenUnie liet dúdlik syn fernuvering merke oer de opmerkings fan it CDA. 

 

Carl Schultz (ek koälysje) fan Geborgd Bedrijven, oars altyd 'de redelijkheid zelve', makke yn ûngewoan fûle bewurdingen dúdlik wêr't it ûngemak wei komt. De boereprotesten ein 2019 oer de ferheging fan de tariven hawwe de koälysjepartijen enoarm rekke. De skellerij en de bedrigingen fan doe hawwe harren tige min smakke. Dêrom falt der net wer te praten oer it útgongspunt om nei de fikse ienmalige ferheging yn 2021 allinnich noch in jierlikse ynflaasjekorreksje fan 2% te rekkenjen. De eigen organisaasje, ek al wurdt dêr op it stuit al grouwélich op koarten, ûntkomt der net oan en meitsje dit finansjeel mei mooglik.

 

De FNP hat syn twifels útsprutsen wat dy sifers foar de perioade 2021-2025 no mei de Coronacrisis noch wurdich binne. As wy realistysk binne kinne wy al lang net mear sprekke fan wissichheid oer lege lesten foar boer en boarger yn de takomst. Sterker noch, sa wie Bram Bonnema syn betooch: 'As wy sjogge nei de oare grutte krisissen dy't op ús ôf komme, de ekonomyske delgong en de klimaat- en enerzjyopjefte, dan is it slim ferûntrêstend dat de grutte en lytse Trumps en Bolsonaro's fan dizze wrâld foar gewin op koarte termyn geane'. 'Ek yn ús eigen AB.', sa heakke hy noch ta oan de sprutsen tekst. Wêrop de wurdfierder fan it CDA as troch in wesp stutsen reagearre.

 

 

Lês hjir de folsleine Skôging fan de FNP 

 

Sjoch hjir de AB-gearkomste fan it Wetterskip werom

 

 

 

 



Downloads:
FNP skôging ramtnota 2021-2025 Wetterskip


Tags: Algemien, Polityk Bestjoer, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer