NIJS   02-07-2020


Kringloopgedachte ferget mear wetlike romte foar boerekompost

De FNP fynt dat de provinsje Fryslân him ynsette moat om de saneamde grienstasjons te stimulearjen en wer op gong te helpen. By de grienstasjons wurdt op it hiem fan boerebedriuwen út grienôffal út de direkte omjouwing kompost makke, dat de boeren op it lân brûke kinne om de boaiemkwaliteit te ferbetterjen. Dat past perfekt binnen de kringloopgedachte, mar eardere pilots mei de grienstasjons binne spitich genôch fêstrûn op de besteande wet- en regeljouwing.

"Skras ûnnedige regels by kompostearjen" (Wopke Veenstra oer grienstasjons)

De FNP hat fan ‘t winter in besite brocht oan it projekt ‘agraryske grienstasjons' fan it agrarysk kollektyf ELAN yn Súdeast-Fryslân. Oant 2017 ta die ELAN in proef wêrmei't blêdeguod, snoei- en oar natuerlik grienôffal op it hiem fan boeren yn de direkte omjouwing ferwurke waard ta kompost (CMC of Bokashi).

 

Dat materiaal kin wer as dongstof op it lân brûkt wurde, om dêrmei de kwaliteit fan de boaiem te ferbetterjen. In grut foardiel fan de grienstasjons is de koarte kringloop, wêrby lokale ôffalstoffen brûkt wurde en der hast gjin ferfiersbewegingen nedich binne. Pilots mei grienstasjons hawwe der bûten Súdeast-Fryslân ek (west) yn De Fryske Marren, Skylge en Kollumerlân.

 

De pilot yn Súdeast-Fryslân is lykwols yn 2017 ta in ein kaam, omdat de boerebedriuwen dy't oan de proef meidienen as ôffalferwurkers kwalifisearre waarden. Dêrmei moasten sy oan deselde wetten en regels foldwaan as grutskalige yndustriële ôffalferwurkers.

 

Wopke Veenstra: ‘De FNP fynt it tige spitich dat de proef no net fierder kin. It werbrûken fan skjinne ôffalstreamen as grûnstof en it lokaal ferwurkjen past moai yn de kringloopgedachte fan lânbouminister Schouten. It soe krekt stimulearre wurde moatte. It projekt fan de grienstasjons moat wer opstart wurde en soe ek op oare plakken tapast wurde moatte.'

 

Der binne in hiel soad wetten dêr't de grienstasjons tsjinoan rinne. Fan de Wet milieubeheer en it Activiteitenbesluit dêr't yn stiet dat der maksimaal 600 m3 biomassa oanwêzich wêze mei op it hiem. De Vrijstellingsregeling plantenresten bepaalt dat meansel fan maksimaal in ôfstân fan 5 kilometer komme moat. Ek de Meststoffenwet is net kringloop-proof yn dy sin dat grienrest-streamen út de omjouwing as dongmiddel meitelt wurde foar de dongboekhâlding. Fierder moatte de grienstasjons fansels rekken hâlde mei de regeljouwing op it mêd fan romtlike oardering en wetter. Dy regeldruk, wêrby't ek noch ferskillende oerheden (ryk, provinsje, gemeente en wetterskip) foech hawwe, makket it foar ûndernimmers dreech om mei te dwaan.

 

De FNP wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft sy ree binne en help de grienstasjons wer op gong. Dêrby soe de provinsje ek sjen moatte nei de eigen regels en der by it Ryk op oantrune moatte om nasjonale wet- en regeljouwing te feroarjen dy't it ûnnedich dreech meitsje om lokaal kompost te meitsjen fan skjin grienôffal út de buert.

 

 

Foto wurkbesite ELAN: Lenus van der Broek



Downloads:
Skriftlike fragen oer grienstasjons
Antwurd op FNP fragen oer grienstasjons


Tags: Buorkje yn Fryslan, Enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer