NIJS   08-06-2020


Krityk op nij ferdielsysteem jild gemeentefûns

Iepen brief fraksjes FNP en Groninger Belang oan de kolleezjes fan Deputearre Steaten fan de provinsjes Fryslân en Grinslân

"Dit makket de problemen noch grutter" (Sybren Posthumus oer nij ferdielsysteem jild gemeentefûns)

De Steatefraksjes fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP) en Groninger Belang hawwe mei oprinnende fernuvering en besauwing kennis naam fan it foarnimmen fan it Ryk om it gemeentefûns op ‘e nij om te partsjen. In dolkstek yn de rêch fan de Fryske en Grinzer gemeenten. Foaral plattelânsgemeenten, dy't it al dreech genôch hawwe om de finansjele einen oan inoar te krijen.

 

Neffens de nijste plannen krije grutte gemeenten mei in soad ynwenners aanst rom 100 euro mear de ynwenner. Jild dat weihelle wurdt by gemeenten mei minder ynwenners. Dy krije aanst oant hast 60 euro de ynwenner minder, sa blykt út it artikel Zó herverdelen maakt de problemen nog groter' (Binnenlands Bestuur). Yn dat artikel sprekt Ellen van Selm, de foarsitter fan it gearwurkingsferbân fan plattelânsgemeenten P10 en boargemaster fan de gemeente Opsterlân, har soargen út en hat it oer in dramatyske útgongsposysje foar gemeenten mei minder as 100.000 ynwenners.

 

Achte kolleezjes fan Deputearre Steaten yn Fryslân en Grinslân, yn ús moaie provinsjes hawwe wy te krijen mei 30 gemeenten, en 28 dêrfan hawwe oanmerklik minder as 100.000 ynwenners. Allinne de gemeenten Grins en Ljouwert komme boppe de grins fan 100.000 ynwenners. Dy 28 lytsere gemeenten binne yn in soad gefallen ek al de gemeenten dy't, as gefolch fan de desintralisaasje fan it sosjale domein en it oprinnen fan de soarchkosten -benammen yn de jongereinsoarch-, al reade sifers skriuwe en de finansjele reserves oansprekke moatte om de gemeente oerein te hâlden. Gemeenten dêr't de iene besuniging op de oare folget en dêr't foarsjenningen dy't de leefberens te goede komme troch need twongen ferdwine en ynruile wurde om de rekkens foar de soarch foldwaan te kinnen.

 

De plannen foar it op 'e nij ompartsjen fan it gemeentefûns is net út te lizzen oan ús Fryske en Grinzer gemeenten, net oan de ynwenners fan ús moaie provinsjes en ek net oan ús, de Steatefraksjes fan de FNP en Groninger Belang. It op ‘e nij ompartsjen fan it gemeentefûns soarget derfoar dat de finansjele kleau tusken grutte en lytse gemeenten fergrutte wurdt. Ek sil it op ‘e nij ompartsjen liede ta in hieltyd sterker ôfnimmende leefberens op it plattelân, omdat plattelânsgemeenten wichtige foarsjenningen net langer oerein hâlde kinne. It gefaar dat driget is in folslein fertutearzen fan de plattelânsprovinsjes Fryslân en Grinslân.

 

FNP en Groninger Belang wolle de kolleezjes fan Deputearre Steaten dan ek op it hert lizze om ferwar te dwaan tsjin de plannen. Mear as 200 Nederlânske gemeenten hawwe tekoarten yn it sosjaal domein, gemeenten stean yn it read. Krekt de foarstelde maatregel makket de problemen foar dy gemeenten noch grutter.

 

Achte kolleezjes fan Deputearre Steaten, dat kin yn ús eagen net wier wêze. De FNP en Groninger Belang freegje jo ferwar te dwaan en op te kommen foar de Fryske en Grinzer gemeenten, yn de measte gefallen plattelânsgemeenten, én har ynwenners. Ek bûten Ljouwert en Grins wenje minsken. Hawwe minsken in bestean. Dat binne ék Friezen, dat binne ék Grinzers. Sy fertsjinje in leefbere omjouwing mei foarsjenningen dy't net troch jildpine fuortbesunige binne.

 

Mei rju achtinge,

 

Sybren Posthumus, foar de FNP-Steatefraksje
Bram Schmaal, foar de Steatefraksje fan Groninger Belang



Tags: Polityk Bestjoer, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer