Minister Schouten hat yn har Keamerbrief fan 24 april in grut pakket oankundige om de útstjit en deposysje fan stikstof te ferminderjen, de natuer te werstellen en de fergunningferliening oan bedriuwen wer op gong te bringen. Dêrfoar is in effektive gebietsrjochte oanpak nedich, dy't ta werstel en fersterking fan de natuer liede moat. CDA, VVD en FNP binne fan miening dat dêrby ferduorsuming en oanpaste bedriuwsfiering fan de lânbou rûnom de Natura 2000 gebieten de foarkar fertsjinnet. Dêrneist freget de moasje om as provinsje Fryslân in oanbod te dwaan oan it Ryk foar it behâld en werstel fan natuer en dêrby gebrûk te meitsjen fan de finansjele middelen dy't de minister oankundige hat yn har Keamerbrief.
Wopke Veenstra (FNP): ‘De FNP hat earder al pleite foar in regyrol foar de provinsje, omdat dy it bêst by steat is om de beskikbere stikstofromte earlik te ferdielen en op gebietsrjochte oplossingen ta te wurkjen. Der binne hûnderten miljoenen euro reservearre foar útkeap en bedriuwsbeëiniging fan agraryske bedriuwen, mar wy freegje ús ôf oft wy de doelen yn de Natura 2000 gebieten net op in oare wize folle better berikke kinne.'
Anne Schelhaas (CDA): ‘Het CDA wil rond de Natura 2000 gebieden ook bij vermindering van de depositie perspectief bieden voor de ondernemers, vandaar dat wij kiezen voor innovatieve ontwikkelingen en aanpassing van de bedrijfsvoering. Daarnaast willen we via de regierol van de eigen provincie cowboygedrag zoals van Brabant voorkomen.'
Marten Dijkstra (VVD): ‘Wy sette yn op takomstbestindich en ekonomysk ferantwurde belied mei behâld fan takomstperspektyf foar ús ûndernimmers. De realisaasje fan in takomstbestindich en duorsum natuer- en lânbouperspektyf kin allinne mar slagje wannear't de stikstofútdaging oanpakt wurdt mei foldwaande stipe fanút De Haach.'
De moasje sil woansdei 27 maaie yn de Steaten fan Fryslân behannele wurde en jout stipe oan in moasje mei deselde strekking dy't in wike lyn yn de Drintske Steaten mei in trijekwart mearderheid oannaam is. VVD, FNP en CDA hawwe der betrouwen yn dat de stipe yn Fryslân op syn minst krekt sa grut wêze sil as yn Drinte in wike lyn.