De regionale partijen hawwe benammen krityk op de ôfspraak dy't de steatssekretaris makke hat mei it ûnderwiis om skoalbern en studinten út de spits wei te hâlden en in tiidslot tusken 11 oere moarns en 15 oere middeis yn te fieren. Sa'n oanpak is miskien noch mooglik yn de Rânestêd, om't dêr elke pear minuten in metro, tram of bus delkomt, mar sil yn Limboarch, Drinte, Grinslân of Fryslân folslein net útfierber wêze. De ôfstannen tusken wenplak en skoalle binne der in flink stik langer. Studinten en skoalbern binne ôfhinklik fan spitsbussen, want bûten de spits ride der gewoan folle minder of sels gjin bussen.
Mei ûnderwiisbestjoerders lykas kolleezjefoarsitter Geert ten Dam fan de Universiteit fan Amsterdam en bestjoersfoarsitter Remco Meijerink fan ROC Friese Poort binne de Steatefraksjes fan de FNP, Groninger Belang, Sterk Lokaal Drenthe, Lokaal Limburg en Provinsjaal Belang Fryslân dan ek fan miening dat in unifoarme nasjonale oanpak gjin rjocht dochst oan de ferskillen dy't der yn Nederlân binne. De steatssekretaris mei de skoalbern en studinten net yn de kjeld stean litte. Yn plak dêrfan fine de regionale partijen dat sy derop oantrune moat dat der op regionaal nivo ôfspraken makke wurde tusken de ûnderwiisynstellings en de iepenbier ferfier-bedriuwen. De provinsjes kinne dêrby in fasilitearjende rol spylje.