Lânbouferkear
Dizze dyk fan Paesens nei De Skâns is wichtich yn de ûntsteansskiednis fan Fryslân en wurdt mei syn skaaimerkende weingatten yn in soad publikaasjes neamd en priizge. De weingatten of coupures binne lykwols slim skeind. Hja wurde stikken riden troch lânbouferkear. Benammen it lêste weingat rjochting Ljussens, dat tagong jout ta in biete-opslachplak, leit der slim fertutearze by.
Papieren tiger
Wetterskip Fryslân en Gemeente Noardeast-Fryslân (en earder de Gemeente Dongeradiel) binne der al in hiel skoft oer yn petear. Dat hat oant no ta neat opsmiten. De trije fraksjes freegje harren dêrom ôf oft de moaie wurden dy't troch mannichien sprutsen wurde oer de kultuerhistoaryske wearde fan dizze dyk gjin papieren tiger binne. As dat net sa is, dan sjogge wy graach in oplossing foar de problematyk.
Taheakke:
Skriftlike fragen weingatten / coupures