Rein van der Wal en Corlienke de Jong op de fraksjekeamer |
'Sa wierlik helpe my God almachtich' . Mei dy wurden lei Rein van der Wal de eed ôf foar de Kommissaris fan de Kening John Jorritsma. It ynhammerjen fan in nije opfolger foar de Steatefraksje wie nedich no't Klaas Fokkinga yn de Steatebankjes plaknommen hat. As earste opfolger binne jo gjin steatelid mar hawwe wol sprekrjocht yn de Steatekommisjes. Fierder draait de Earste Opfolger folslein mei as lid fan de fraksje. Rein (56) wennet yn Surhústerfean. Syn beropsmjittige eftergrûn leit yn it (basis) ûnderwiis. Hy hat al in lange skiednis efter him yn de lokale polityk. Is op it stuit noch lid fan de skaadfraksje fan FNP Achtkarspelen. 'Minsken moatte it sels foar it sizzen ha. Achtkarspelen, en ek Fryslân, moatte selsstannich bliuwe. Politike besluten bliuwe dan ticht by de minsken. Fryslân hat in lange histoarje en is unyk en dat moat sa bliuwe.' ---------- Reaksje? E-Post: rein.van.der.walfnp.frl Tillefoan: 06 - 55 38 65 39 Twitter: @reinvdwal |