Sijbe Knol: ‘De doarpshuzen en wykgebouwen binne fan grutte betsjutting as sosjale ynfrastruktuer fan ús mienskip. It binne de húskeamers fan Fryslân yn ús doarpen en yn ús stêden. It soe goed wêze dat dêr't dat nedich is, de provinsje helpt om dy foarsjenningen oerein te hâlden.'
Fan ferskillende kanten hat de FNP-Steatefraksje heard dat guon doarpshuzen en wykgebouwen yn ‘e knipe komme no't se net mear iepen binne as gefolch fan de Corona-krisis. Dêrtroch is in grut part fan de wenstige ynkomsten ferlern gien. Ynkomsten dy't o sa wichtich binne om de eksploitaasje en de begrutting rûn te krijen.
Yn tsjinstelling ta de horeka komme de doarpshuzen en wykgebouwen net yn oanmerking foar de kompensaasje dy't it Ryk beskikber stelt. Sportkantines falle yn de measte gefallen ûnder de gemeente. De FNP sjocht by de doarpshuzen en wykgebouwen in rol foar de provinsje, ek al omdat der in soad ynvestearrings yn dy mienskipshuzen dien binne mei help fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) en de doarpshuzen-regeling dy't dêrfan diel útmakket.