NIJS   02-04-2020


FNP: Wentebou Goutum net ten koste fan greidefûgels

De FNP-Steatefraksje is min te sprekken oer de bouplannen foar it nije sabeare ‘buorskip’ De Hem ûnder Goutum. De plannen gean út fan nijbou deun njonken it greidefûgelgebiet de Hounspolder, dêr’t neffens fûgeltsjelju in hiel soad beskerme greidefûgels briede. Troch nijbou soe it gebiet oan trije kanten ynsletten reitsje. Der is grutte noed dat soks ten koste giet fan de fûgels.

"Fokus leaver op de 35 doarpen" (Sijbe Knol)

Wopke Veenstra: ‘Yn de Hounspolder briede 23 spantsjes skriezen, 30 spantsjes ljippen en 34 spantsjes tsjirken en in hiel soad pykjes slagje deryn te oerlibjen. Dat wiist faai as de plannen fan de gemeente troch gean.' Neffens de provinsjale greidefûgelnota binne iepenheid fan it lânskip en rêst de wichtichste kwaliteits-skaaimerken fan goede greidefûgelgebieten. De fersteuringsôfstân fan bebouwing ôf is neffens dy nota 300 meter. Dat is folle mear as de ôfstân tusken de nije bebouwing en it fûgelgebiet.

 

Neffens de FNP-Steatefraksje binne de plannen om De Hem deun njonken de fûgels te bouwen streekrjocht yn striid mei it steande belied fan de provinsje. Nota bene no't de Steaten yn de kommende gearkomste in foarstel foar it werombringen fan it bioferskaat besprekke sille, soe bebouwing deun njonken sa'n kreas greidefûgelgebiet dat belied trochkruse.

 

Sijbe Knol kin der net by: ‘By it begjin fan de hjoeddeiske koälysje is ôfpraat dat it útgongspunt foar de provinsje is dat ynbreiding foar útwreiding giet - earst yn de besteande beboude kom bouwe en dan pas yn it bûtengebiet. De gemeente Ljouwert soe der better oan dwaan om te fokusjen op de leefberens yn de 35 doarpen.'

 

Ferline jier hat de gemeenteried de bestimming fan it gebiet noch fêststeld as agrarysk. De FNP fynt dat der alle redenen binne om derfoar te soargjen dat it lânskip ynstân bliuwt foar minsken en foar greidefûgels en dat der net boud wurde moat yn De Hem.



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer wentebou goutum deun njonken greidefûgelpolder
Antwurd op FNP fragen oer wentebou goutum njonken greidefûgelpolder


Tags: Natuer en lanskip, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer