NIJS   11-03-2020


FNP: foar Fryslân as reinbôgeprovinsje

De FNP sil yn ’e Steategearkomste fan april foar Fryslân as reinbôgeprovinsje stimme. De Steatefraksje basearet him op de kearnwearde solidariteit yn it partijprogram. Dêr stiet dat der romte wêze moat foar elkenien yn ús provinsje om him- of harsels te wêzen. De FNP giet út fan respekt foar elkenien dy’t hjir wennet sadat nimmen oan ’e kant komt te stean.

"Romte foar elkenien om him- as harsels te wêzen" (FNP Steatefraksje)

Yn it bestjoersakkoart jouwe wy 800.000 euro út oan projekten foar it tsjingean fan diskriminaasje. De FNP fynt it goed dat de provinsje mei organisaasjes út it wurkfjild oerlis hat hoe't wy dat it bêste dwaan kinne. Los fan it bestjoersakkoart is dit foar de fraksjeleden in frije kwestje dêr't hja nei ear en gewisse oer stimme meie. De fraksje hat lykwols unanym besletten om foar Fryslân as reinbôgeprovinsje te stimmen.



Tags: Kultuer, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer