NIJS   06-03-2020


FNP: Provinsje moat ferklearring sânwinning Iselmar ynlûke

De FNP Steatefraksje stelt fragen oer de ferklearring fan gjin betinkings dy’t de provinsje ôfjûn hat foar de sânwinning yn de Iselmar. Begjin 2019 hat de FNP-fraksje yn De Fryske Marren en dêrmei de mearderheid fan de gemeenteried besletten om net yn te stimmen mei de sânwinning. Dêrmei is de provinsjale ferklearring oerstallich wurden.

"Ferklearring sânwinning is oerstallich wurden" (Sijbe Knol)

Ear't in bedriuw mei sânwinning begjinne kin, moat de gemeenteried in fergunning ferliene en de provinsje moat in saneamde ferklearring fan gjin betinkings ôfjaan, wêryn't neigien wurdt oft der oan de easken út de Wet natuerbeskerming foldien wurdt. Deputearre Steaten hawwe dy ferklearring yn septimber 2018 ôfjûn.

 

It beslút fan de gemeenteried om net yn te stimmen mei de sânwinning hat begjin 2019 laat ta inbreuk yn de koälysje fan De Fryske Marren. Mar no't de gemeenteried gjin tastimming jûn hat, is de ferklearring fan de provinsje oerstallich wurden. De gemeente hat dêrom ferline jier oan de provinsje Fryslân frege om him yn te lûken. De Steatefraksje fan de FNP wol no fan it kolleezje witte oft dat al bard is.



Downloads:
Skriftlike fragen oer vvgb sânwinning iselmar
Antwurd op FNP fragen oer sânwinning iselmar


Tags: Gas- en saltboarings, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer