Der binne yn Fryslân 68 saneamde ‘lytse gasfjilden' fan de 200 dy't der yn Nederlân binne. Dy gasfjilden wurde no ferhastige yn gebrûk naam yn ferbân mei de boaiemdelgong en skea troch de gaswinning yn Grinslân. Der lizze driuwende advizen fan de Technische commissie bodembeweging , fan de IPO mei in pittige reaksje , de VNG én fan de provinsjes sels om de bewiislêst ek by de lytse gasfjilden by de mynboubedriuwen del te lizzen en net by de boarger. De minister hat dy advizen neist him dellein. Dat docht bliken út syn brief fan 19 desimber 2019 oan de Twadde Keamer. Der komt dan wol in ûnôfhinklike kommisje dy't de ûnderhannelings en it útsykjen docht, mar úteinlik - as it ta juridyske prosedueres komt - stean de boargers dochs streekrjocht tsjinoer de grutte en machtige bedriuwen.
Op 31 jannewaris 2020 sei de Deputearre yn de media dat it kolleezje ‘him delleit' by it beslút fan de Minister. Ek by de beäntwurding fan skriftlike fragen fan GrienLinks, FNP, SP en PvdD oer de skearegeling skreau it kolleezje dat it ynstimt mei it beslút fan de Minister.
Dat fernuvere de ferskillende partijen. Yn it Manifest fan Fryske oerheden wie it stânpunt fan de Steaten en it kolleezje ienriedich dat it omkearen fan de bewiislêst by skea troch de gas- en sâltwinning needsaaklik wie. De partijen lieten dêrom fia de moasje yn de Steaten fan 26 febrewaris witte dat it kolleezje dat stânpunt noch hieltiden helder útdrage moat.
De Staten sprekke yn de moasje út dat:
Yn de Twadde Keamer waard op 6 febrewaris it ‘skeaprotokol lytse gasfjilden' besprutsen. Der is gjin beslút naam omdat der noch tefolle fragen wienen oan de Minister. It oerlis giet fierder op 18 maart. De FNP en GrienLinks wolle graach mei de SP, Partij voor de Dieren, de PvdA, 50PLUS, de ChristenUnie, PVV en D66 dat ús kolleezje útdruklik oan de Minister en de Twadde Keamer witte lit dat ek foar de lytse gasfjilden de omkearde bewiislêst jilde moat. Dat is ek it stânpunt dat it kolleezje ynnommen hat yn it Fryske Manifest fan Oerheden oer de gas- en sâltwinning. Wy wolle graach dat it kolleezje dat stânpunt aktyf útdragen bliuwt, om dêrmei de boargers te stypjen dy't om de gas- en sâltwinningen hinne wenje.
De partijen woenen fan it kolleezje witte oft se dêr akkoart mei gean. Dêrnjonken wolle de partijen dy't de moasje yntsjinne hawwe dat it kolleezje rom foar 18 maart yn in brief oan deTwadde Keamer en de Minister stjoere wêryn it bepleitet dat de omkearde bewiislêst by skea troch gas- en sâltwinning ek foar de rest fan Nederlân jilden giet.
(Oarspronklike parseberjocht troch Grienlinks, Fryske oersetting FNP)
Downloads:
Motie vreemd schaderegeling kleine gasvelden
Brief DS over behandeling motie