NIJS   04-03-2020


Expertmeeting 5G op oanstean fan FNP, Grienlinks en de Partij voor de Dieren

Op oanstean fan de steatefraksjes fan FNP, Grienlinks en de Partij voor de Dieren wurdt der op woansdeimiddei 11 maart om 13:00 yn it Provinsjehûs yn Ljouwert in iepenbier tagonklike expertmeeting oer de risiko’s fan 5G organisearre. Binnen de Fryske mienskip binne der soargen oer de effekten op de sûnens troch it tanimmen fan elektromagnetyske strieling.

"Wat binne de risiko’s fan 5G?" (Wopke Veenstra)

Neffens de earste mjittingen en berekkeningen oan 5G-systemen sil de bleatstelling ûnder de noarmen bliuwe dy't de EU oanrikkemandearret. Hoewol't guon ûndersiken dúdlike oanwizingen jouwe dat der negative sûnenseffekten binne as gefolch fan de hjoeddeiske generaasjes mobile telekommunikaasje, is der noch gjin wittenskiplike konsensus dat bleatstelling oan strieling ûnder de besteande noarmen skealik is. De ferwachting is wol dat der troch de ynfiering fan 5G mear antennes komme sille en ek dat it tanimmende gebrûk fan telekommunikaasje ta mear strieling liede sil.

 

Eksperts sille op 11 maart ferskillende aspekten fan 5G en elektromagnetyske strieling taljochtsje. Lisette Kruit fan it Nasjonaal Antenneburo, it foarljochtingsburo fan de Ryksoerheid, sil yngean op de regeljouwing en it mjitten fan elektromagnetyske fjilden. Dr.ir. Jan-Rutger Schrader sil yngean op de technyk fan 5G en op stúdzjes nei de sûnensrisiko's fan elektromagnetyske netwurken. Ta beslút sil prof.dr.ir. C.J.N. Buisman, direkteur fan Wetsus, kritysk yngean op oanfoljende tûkelteammen by it gebrûk fan 5G, lykas it hege enerzjyferbrûk dat dêrmei anneks is.

 

De expertmeeting is iepenbier en kin ek besjoen wurde fia de livestream fan de provinsje.



Tags: Natuer en lanskip, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer