Oerlêst foar tal fan gemeenten
Mei de nije JSF (F35) wurdt dy oerlêst allinne mar slimmer, omdat it nije tastel in stik mear leven makket as de F16. Bewenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Smellingerlân, Opsterlân, Eaststellingwerf, It Hearrenfean, Weststellingwerf en tal van gemeenten yn Drinte en Oerisel sille der slim lûdsoerlêst fan hawwe. Boppedat raze de fleantugen ek oer Natura2000 en stiltegebieten, en fersteure dêrmei de natuer.
Petysje
De FNP hat hjoed in petysje tsjin it leechfleanen
opset dy't hjir werom te finen is. Mei de petysje rjochte oan de
regearing yn De Haach, wol de FNP partij-en-provinsje-oerstiigjend in fûst
meitsje tsjin dit plan fan Definsje en derfoar soargje dat it net trochgean
sil.
Yn de earstkommende gearkomste fan Provinsjale Steaten komt de FNP mei in moasje oer dit ûnderwerp. Ek yn tal fan gemeenten wurde aksjes taret.
Knol: ‘Wy moatte in soad druk útoefenje, en mei-inoar sjen litte dat wy de boel keare kinne. Dit mei net trochgean!'
Link nei de petysje: https://bit.ly/2U4wxJ1