Fokkinga komt út Nes (Noardeast-Fryslân). Hy wie earder Steatelid (2015-2019) en siet yn de gemeenterie fan Dongeradiel (2010-2015). Fokkinga folget deputearre Johannes Kramer op, dy't yn jannewaris 2020 beneamd is as boargemaster fan Noardeast-Fryslân.
Fokkinga is foardroegen troch in adfyskommisje ûnder lieding fan Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. Under mear krijt Klaas Fokkinga lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfguod, breedbân-ynternet en Holwert oan See yn syn portefúlje.