NIJS   20-01-2020


FNP en 50PLUS wolle faasje mei oanpak fundearringen yn feangreide

De fraksjes fan FNP en 50PLUS yn Provinsjale Steaten wolle dat de provinsje him folle hurder ynset om de dupearren fan fundearringsskea en pealrot troch peilferleging fan grûnwetter te helpen. Dêrfoar komme de twa partijen tegearre mei in moasje yn de steategearkomste fan woansdei.

"Noch fierstente min dien oan pealrot" (Wopke Veenstra)

Nij belied feangreide

Fan 'e wike wurde yn de Steaten besluten naam oer de oanpak fan it Fryske feangreidegebiet. De feroaring fan wetterpeilen hat net allinne grutte ynfloed op de agraryske ûndernimmers dy't dêr buorkje, mar treft alle bewenners fan it feangebiet. In soad bewenners hawwe skea oan de fundearringen fan har huzen, mar der is noch hieltyd gjin goede regeling foar de besteande fundearingsskea, dy't ûnder mear troch pealrot ûntstiet.

 

Wurk meitsje fan tasizzingen

De twa fraksjes wolle dat de provinsje wurk makket fan de earder taseine yntegrale oanpak fan de pealrotproblematyk yn it Fryske feangreidegebiet. Boppedat wolle FNP en 50PLUS dat der in bettere skearegeling komt foar dupearren fan de pealrot. Twa jier lyn waard troch frijwol de hiele steaten in moasje oannaam wêryn't frege waard om yn de útwurking fan de feangreidefisy de oplossing fan de fundearringsskea yntegraal mei te nimmen. Troch it kolleezje waard yn reaksje dêrop oankundige dat der foar de simmer fan 2019 in foarstel komme soe oer de fundearringsproblematyk. Omdat dat foarstel der noch net is en der woansdei in foarstel fan it kolleezje foar it feangreidegebiet behannele wurde sil, fergje FNP en 50PLUS it kolleezje der op ‘e nij op dat der no echt mei faasje wurk makke wurdt fan de tasizzingen.

 

Opkomme foar de belangen fan dupearren

No't der yntusken lanlik ek nije ûntwikkelingen binne, mei in nij Ryksprogramma Oanpak Fundearringsproblematyk, wolle de twa partijen dat de provinsje him sterk makket foar de belangen fan de dupearren, bygelyks troch it fasilitearjen fan ûndersyk by dupearren of it iepenstellen fan in leechdrompelich provinsjaal fundearringsloket.



Tags: Feangreide, Natuer en lanskip, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer