NIJS   15-01-2020


FNP stelt fragen oer studintetal RUG Campus Fryslân

Hoe wol de Provinsje omgean mei de fiks legere studintetallen fan de nije RUG Campus Fryslân? It binne der no 197 wylst it der 630 wêze moasten. Moat, nei oanlieding fan de nei ûnderen bystelde ferwachtings en ambysjes fan de direkteur bedriuwsfiering fan de Campus, dat ek konsekwinsjes hawwe foar de finansiering mei € 17,83 mln troch de Provinsje? De FNP stelt der skriftlike fragen oer.

"Soargen oer teloarstellende resultaten" (Sybren Posthumus oer studintetal RUG Campus Fryslân )

Ambysjes

De Steaten binne mei hege studintetallen oer de streek lutsen om miljoenen mei te beteljen oan de RUG Campus yn Ljouwert. De direkteur bedriuwsfiering fan de Campus hat it no oer ‘een update met naar beneden bijgestelde verwachtingen en ambities'. De FNP wol witte oft dat kloppet en oft dat sa mar kin. Wat binne de ôfspraken no krekt? Moat der by minder resultaat ek koarten wurde op it budzjet, lykas de Provinsje dat ek by oare subsidiearre ynstellingen wol docht as de doelen net helle wurde? Sa freget finansjeel wurdfierder Sybren Posthumus him ôf: ‘It giet wol om mienskipsjild'.

 

Promoasje

De FNP wol witte hoe't it Kolleezje fan DS de promoasje fan de nije Campus  beoardielet. Sybren Posthumus: ‘In soad VWO-skoallen yn Fryslân neame de RUG Campus hielendal net by de stúdzjemooglikheden foar nije studinten. Benammen it tal Fryske studinten (20) is sadwaande minimaal bleaun.  Teloarstellende resultaten. Wylst yn de byldfoarming op dizze universitêre festiging alle hope festige waard foar de takomst fan it wittenskiplik ûnderwiis yn ús provinsje.' De FNP wol de universiteit oan de ôfspraak hâlde dat de Campus Fryslân foar finansjeel risiko fan de RUG minimaal 15 jier yn Ljouwert bliuwt.  



Downloads:
FNP skriftlike fragen teloarstellende resultaten rug campus fryslân
Antwurd op FNP fragen oer teloarstellende resultaten rug campus fryslân


Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer