NIJS   08-01-2020


FNP: software Akademy benutte foar ûndertiteling riedsgearkomsten

Kin de besteande software foar spraakwerkenning fan de Fryske Akademy ek brûkt wurde foar de Fryske ûndertiteling fan riedsgearkomsten? Dat freget de Steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Poepjes. De partij wiist op it jild dat foar sokke nije tapassingen klear leit. De FNP wol foarkomme dat der in rommelige situaasje ûntstiet as gemeenten allegear mei ferskillende eigen oplossingen komme.

"Rommelige oanpak leit op’e loer" (Corlienke de Jong oer Fryske ûndertitels)

Taalwet

Op grûn fan in Europeeske rjochtline wol Nederlân no ynformaasje fan de oerheid op ynternet tagonkliker meitsje. Ien fan de konsekwinsjes is dat fideo-ferslaggen fan rieds- steate- en wetterskipsgearkomsten mei yngong fan septimber 2020 ûndertitele wurde sille. Kearnfraach is hoe't it Kolleezje fan Deputearre Steaten foar de frege ûndertiteling komt mei in oplossing dy't foldocht oan de easken fan de Wet Gebrûk Fryske Taal en tagelyk rjocht docht oan alle sprutsen talen yn sokke gearkomsten.

De taalwet skriuwt nammentlik foar dat wat yn it Frysk sein wurdt, ek yn it Frysk opskreaun wurdt.

 

Software

De FNP wiist op de software foar spraakwerkenning dy't de Fryske Akademy mei jild fan de Provinsje ûntwikkele hat. It programma soe faaks al foar de simmer 2020 wurkje kinne, mar dan moat der noch wol it ien en oar oanpast wurde foar ûndertiteling. It systeem soe ek oerwei kinne mei it Bildtsk en op termyn ek mei Stellingwarfs/Nedersaksysk. Corlienke de Jong: ‘It soe echt in stap tebek wêze as guon gemeenten no werom falle op allinnich it Nederlânsk. Neffens de wet kin dat gewoan net. En de helpmiddels binne al fierhinne klear, hjir yn Fryslân sels ûntwikkele. De Provinsje kin helpe mei wat jild foar in lêste setsje.'



Downloads:
FNP skriftlike fragen fryske ûndertitels
Antwurd op FNP fragen oer fryske ûndertitels by riedsgearkomsten


Tags: Frysk en Meartaligens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer