NIJS   30-05-2015


Alle provinsjale mailadressen no oer op *.FRL

Fraksjekeamer no op fnp@fryslan.FRL

Suksesfol inisjatyf fan de FNP

 

Op 28 maaie is de lêste stap set  yn it oersetten fan alle ynternet domeinadressen fan de Provinsje Fryslân nei *.FRL.  De hiemsiden fan www.fryslan.frl  wiene al online. Tenei  jildt ek foar alle mailadressen fan amtners, deputearren en steateleden de ekstinsje *.FRL.  Bygelyks de fraksjekeamer fan de FNP is no te berikken op fnpfryslan.frl.

 

De fraksje is tige grutsk op dit resultaat. It *.FRL  adres komt fuort út in inisjatyf fan de FNP yn de foarige steateperioade.  Nei in soad striid en tsjinakseljen fan oare partijen yn it begjin hat wurdfierder Sybren Posthumus provinsje, organisaasjes en bedriuwslibben úteinlik meikrigen.  No sjocht elkenien de mearwearde fan in eigen provinsjale domeinekstinsje. It jout in stikje eigen regionale identiteit. En foar bedriuwen kommersjeel ûnderskied yn it grutte ferskaat fan adressen op it wrâldwide web.

 

Jo kinne as FNP-lid ek in eigen persoanlik  *.FRL domein  oanfreegje fia https://registreer.frl/

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer