Oertsjûgjende tasizzingen
Wurdfierder Corlienke de Jong: ‘De FNP hat oertsjûgjende
tasizzingen fan de deputearre krigen oangeande it jild en de betingsten foar de
Akademy foar in nije saneamde liearingsoerienkomst. Wy hiene hjir twa moasjes
foar klearlizzen. De KNAW hat dy betingsten okkerdeis mei in brief oan de
Steaten ek nochris swart op wyt set. It giet dan om de bliuwende tagong ta it
lanlike NWO-subsydzjestelsel foar wittenskiplik ûndersyk en it besteande
fisitaasje- en kwaliteitssysteem.’
De Steaten jouwe neist de 3,5 ton foar de reorganisaasje ek nochris 2 ton jierliks foar de kommende fiif jier. Dit komt boppe-op de strukturele 1,2 miljoen fan de Provinsje en 1,4 miljoen fan it Ryk dy’t jierliks op de begrutting steane. Der komt ek in jierlikse rapportaazje oer de ynhâldlike en finansjele fuortgong fan de reorganisaasje.
Kennisbelied ûntwikkelje
De Provinsje sil mei de Akademy en oare wittenskiplike ynstituten
yn Fryslân in kennisbelied ûntwikkelje. In goede saak neffens de FNP. As dat
kommend jier safier is, komt de deputearre mei in oanfoljend útstel nei de
Steaten. Faaks kin de diskusje oer wol of gjin ôfdieling foar stúdzje fan de
Fryske Letteren by de Akademy dan ek op it aljemint brocht wurde, sa ornearre
de deputearre.
In selsstannich ynstitút
De FNP en de Steaten hawwe der yn 2004 fûleindich foar
striden om de Akademy as selsstannich wittenskiplik ynstitút yn Fryslân te
behâlden. De Akademy soe folslein ûnderdiel fan de Keninklike Akademy fan
Wittenskippen (KNAW) wurde en miskien wol fusearje moatte mei it Meertens
Instituut en nei Amsterdam ferhúzje. Dat is doe opkeard, en de selsstannigens
fan de Akademy is boarge yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. En de
wittenskiplike status wie doe ek al regele yn in Liearingsoerienkomst.
Ek doe yn 2004 wiene der finansjele problemen, ek doe wie de bestjoerlike konstruksje om de Akademy hinne fierstente yngewikkeld. Betingsten by de miljoenen subsydzje fan de Provinsje en it Ryk waarden net steld en der wie sadwaande net folle stjoer fan de grutste jildsjitters.
Werkenbere situaasje
Corlienke de Jong: ‘Hoe werkenber is de situaasje no dan, as
je it yn it ljocht sjogge fan dy eardere problemen. Dêrom moatte no earst de
saaklike problemen goed regele wurde. Der moat jild komme foar de
reorganisaasje. It jild fan it Ryk komt tenei net mear fia Amsterdam maar
streekrjocht fia de Provinsje. Dan kinne wy ál betingsten stelle en dat is ek
needsaaklik. Krekt as by alle oare ynstellingen dy’t jild fan de Provinsje
krije.’
Foto: GpnO - Michel Montsma