NIJS   03-12-2019


FNP: aksje foar bestriding skealike Jabikskrúswoartel en stikels

De FNP stelt oanfoljende fragen oer it neilibjen fan de twa provinsjale feroarderingen oer de bestriding fan skealike planten. Nei oanlieding fan sinjalen fan eigners fan fee- en hynstehâlders hie de FNP ôfrûne simmer al earder oankaarte dat de fersprieding fan Jabikskrúswoartel (Jakobskruiskruid) en stikels eskalearret.

"Provinsje moat de eigen regels neilibje" (Wopke Veenstra oer skealike planten)

Sleau neilibjen fan regels

Wopke Veenstra: ‘De provinsje moat de eigen regels neilibje. Wy wolle in mear pro-aktive hâlding fan de provinsje by de bestriding fan stikels en Jabikskrúswoartel, omdat dy ta skea liede kinne en gefaarlik wêze kinne foar melkfee en hynders.' Ut de antwurden fan it kolleezje docht bliken dat der troch de útfieringstsjinst FUMO allinne hanthavene wurdt op basis fan ‘sporadyske' klachten. It tafersjoch op de feroarderingen wurdt rûst op minder dan 10 kontrôles yn it jier.

 

Bermbehear

No't de fersprieding fan de planten út de provinsjale bermen yn de ôfrûne simmers eskalearre is, fynt de FNP dat de provinsje it goede foarbyld jaan moat, en tefoaren komme moat dat de provinsje oanspraaklik wurdt foar sûnensskea fan melkfee en hynders. Dêrom wurde fragen stelt oer de easken dy't by de oanbesteging fan it meanen oan oannimmers stelt wurde.

 

By de tiid bringe fan regeljouwing

De besteande Stikelferoardering datearret fan 1951 en is diels ferâldere. Nei analogy fan de Jabikswoartelferoardering hat de FNP in ûntwerp makke foar in aktualisearre ferzje, wêrmei it kolleezje de oanpak fan de stikels wer by de tiid bringe kin.



Downloads:
FNP skriftlike fragen jabikskrúswoartel en stikels ferfolch


Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer