Wouda is 42 jier en wennet op ‘e Jouwer (De Fryske Marren). Hy sit sûnt maaie as algemien lid yn it haadbestjoer en skood no troch. Wouda is sûnt 2017 bestjoerlik aktyf binnen de partij en is sûnt dy tiid ek foarsitter fan it ôfdielingbestjoer fan De Fryske Marren. Mear resint advisearre Wouda ek mei oan de kar foar de nije deputearre.
Poelman is 46 jier en komt út Gerkeskleaster-Strobos (Achtkarspelen). Poelman wie earder fraksjemeiwurker by de Steaten (2016-2019) en Gemeenteriedslid (2014-2018).
Benedictus is 63 jier en komt út Boelensloane (Achtkarspelen). Benedictus wie earder wethâlder yn ‘e gemeente Kollumerland (2014-2018) en Skarsterlân (2010-2013) en riedslid fan Achtkarspelen (1994-2002).
As algemien lid komt Janneke de Boer yn it haadbestjoer. De Boer komt út Weidum, is (berneboeke)skriuwster en 37 jier.
Jaap Cuperus en Annigje Toering bliuwe sitten as bestjoerslid en meitsje it team kompleet.
Wouda is tige ynnommen mei it nije team: "Der sit balâns yn, sawol kwa leeftyd, achtergrûn as man/frou ferhâlding." As team wolle we meters meitsje en ús partij klear meitsje foar de tweintiger jierren fan dizze iu.