Alternative farwei
De FNP hat dêrfoar in eigen alternatyf ûntwikkele. Njonken de besteande farwei oer de Headamsleat tusken Earnewâld en de Wide Ie, sil foar it rekreaasjeferkear de Ald Headamsleat op 'e nij yn gebrûk naam wurde. Dêrfoar is it nedich dat der in koarte trochstek makke wurdt oan de eastkant fan de Hege Warren. It beropsferfier nei Drachten bliuwt op de besteande farwei, en komt dêr net langer in soad willefeart mear tsjin. It kolleezje fan deputearre steaten sil it alternatyf no mei ûndersykje.
Dúdlikheid foar de Hege Warren
Provinsjale Steaten hawwe hjoed ynstimd mei ferskillende besluten en ûndersiken dy't wichtich binne foar de takomst fan it farwegennetwurk yn Fryslân. Ien fan dy ûndersiken is in ôfrûnjend ûndersyk nei de gebietsûntwikkeling fan de Hege Warren. De FNP is wiis dat hjoed besletten is dat dit gebietsproses fan start giet en fynt fan it fan grut belang dat der foar de húshâldingen dy't yn de Hege Warren wurkje en wenje sa gau as mooglik dúdlikheid komt.