NIJS   26-11-2019


Soarch FNP oer sluting húsdokterspraktiken plattelân

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Kramer oer de plannen fan De Friesland Zorgverzekeraar foar hiele grutte dokterspraktiken. Mei 10.000 pasjinten per praktyk soene der yn guon gemeenten mar in pear plakken oerbliuwe. Dat blykt út de ‘Visie Huisartsen 2020’ fan De Friesland.

"Bliuwt de dokter wol berikber en beskikber ?" (Corlienke de Jong)

Skaalfergrutting

Kearnfraach isoft sokke grutte húsdoktersposten mei fjouwer artsen en 10.000 pasjinten yn deFryske situaasje better is of krekt net. As wurkplak foar húsdokters nije-styl,mei it each op de kwaliteit fan de soarch, mar ek mei it each op de spriedingen berikberens foar de pasjint. FNP Wurdfierder Corlienke de Jong: ‘Kwaliteitfan de soarch stiet bûten kiif. Mar it moat dêrneist net allinnich gean om jildbesparjen. It perspektyf fan de pasjint is foar ús ek hiel wichtich. Minskenhawwe soargen oer de skaalfergrutting. Langere reistiid, mear anonimiteit,minder bining mei de fertroude lokale húsdokter. Se fiele it as ferlies fan leefberensfoar doarpen en wiken. Yn hoefier is maatwurk mooglik, op de eilannen, itplattelân en guon stedswiken?'

 

Soarchsprieding

De FNP freget no wat de fisy fan de Provinsje is op de beliedsfisy fanDe Friesland. Corlienke de Jong: ‘De provinsje docht hiel wat ynspanningen opit mêd fan leefberens, soarchsprieding, en it behâld en oanlûken fan húsdoktersfoar ús provinsje. Wy wolle eins dat it provinsjebestjoer, lykas earder mei deSionsberg, yn petear giet mei De Friesland, de pasjinte-organisaasjes en dehúsdokters. De leefberens, de beskikberens en de berikberens fan de soarch ynde provinsje wolle wy foar opkommen bliuwe.'

Downloads:
FNP skriftlike fragen húsdokterspraktiken plattelân
Antwurdbrief op skirftlike fragen FNP húsdokterspraktiken plattelân


Tags: soarch yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer