Tariedingen
In jier lyn antwurde it foarige kolleezje fan Deputearre Steaten op fragen fan de FNP dat it kolleezje yn gearwurking mei pleatslik belang dwaande wie mei it útfieren fan in ‘quick-scan' om te sjen wat der op dat krúspunt yn Hallum mooglik wie. Neffens it kolleezje wie it in realistyske plenning om 2019 te brûken foar ûndersyk, petearen mei ynwenners en bedriuwen en dêrnei in goeie tarieding om op syn betiidst it krúspunt yn 2020 oan te pakken. De FNP-Steatefraksje wol no fan it kolleezje witte hoefier it mei de tariedingen is.
Tasizzingen
Ek wol de FNP witte oft de ynformaasje kloppet dat der in bestjoerlike, mûnlinge tasizzing fan it foarige kolleezje leit oan sawol de wethâlder fan it eardere Ferwerderadiel (no Noardeast Fryslân) as it bestjoer fan doarpsbelang Hallum om de oanpak fan dizze krusing nei foaren te heljen.
Dochs gjin jild?
Ferline jier sei it kolleezje dat der noch nei jild socht wurde moast. It liket der op dat in jier sykjen noch neat oplevere hat. Nettsjinsteande de eardere tasizzingen, stiet de oanpak fan de krusing yn Hallum net yn it útfierings-programma fan de provinsje Fryslân.