NIJS   19-06-2015


FNP: soarch oer baneferlies by Underwiisynspeksje

Skriftlike fragen oan it Kolleezje

Sybren Posthumus 2015 lyts     

De FNP stelt skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten no't de festiging fan de Underwiisynspeksje yn Ljouwert ticht giet. De Steatefraksje wol witte hoe't it ferlies fan 20 banen kompinsearre wurdt.

 

Sybren Posthumus, wurdfierder Ekonomy

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.frl

De FNP freget oft de Underwiisynspeksje ek ûnderdiel is fan de ôfspraken mei it Ryk oer it behâld fan wurkgelegenheid yn ús regio. Wurdfierder Ekonomy Sybren Posthumus: ‘Der hat okkerdeis noch oerlis west oer it baneferlies yn de rjochterlike macht, it IM en earder ek oer de finzenissen. Der is sels in moasje oer oannommen yn de Twadde Keamer. Mar de ûnderwiisynspeksje is dochs ek ûnderdiel fan de Rykstsjinst.'

 

Fierder makket de FNP him soargen oer de taken fan de Ynspeksje oangeande it Frysk yn it ûnderwiis. Provinsje en Ynspeksje ûntwikkelje op dit stuit meiinoar de toetsen en it learlingfolchsysteem foar it fak Frysk. De fraach is wat it fuortgean fan it personiel út Ljouwert wei foar gefolgen krijt foar dizze spesifyk Fryske gearwurking.

 

As lêste wol Posthumus witte hoe't de oerheden it baneferlies fan 20 Fte opfange of kompinsearje sille. Wat ek meispilet is de leechstân fan kantoaren yn Ljouwert. Dizze wurdt allinnich mar grutter no't der wer in Rykstsjinst weigiet. Posthumus: ‘Kin der noch in oar bedriuw of organisaasje festige wurde yn de Achmeatoer mei help fan de oerheden?'



Downloads:
FNP skriftlike fragen fuortgean ûnderwiisynspeksje
Antwurd op FNP fragen fuortgean ûnderwiisynspeksje


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer