Oanbestegingsproseduere
De fragen fan de FNP binne in ferfolch op in brief oan de Steaten fan 10 july 2019. Dêryn skriuwt de deputearre oan de Steaten dat de fernijende oanpak foar it Frysk yn it ûnderwiis mear tiid freget as earder rûsd wie by sawol it Ryk as de Provinsje. Sa soe der foar de twadde faze in oanbesteging op tou set wurde moatte. Corlienke de Jong freget no hoe't it mei dy proseduere sit. Se wol ek witte oft de deputearre oerlis hân hat mei it ministearje.
Boustiennen
De Jong sprekt út namme fan de FNP har noed út: ‘Foar de lanlike kearndoelen lizze de ‘boustiennen' no al klear. Meartaligens wurdt dêrby ek neamd as in wichtich elemint. Mar útsoarte it Frysk yn it ûnderwiis en as omgongstaal yn dy meartalige omjouwing wurdt mei gjin wurd oer praat. Wat docht it Kolleezje om dêr wol omtinken foar te krijen? It is foar it draachflak yn it ûnderwiisfjild hiel wichtich foar it Frysk dat ús eigen provinsjale projekt Kurrikulum.frl lykop rinnen bliuwt mei it lanlike Curriculum.nl. Hoe wol it Kolleezje boargje dat útstellen foar it Frysk op 'e tiid meinommen wurde?